Saakje fan Uylenburgh
Saakje fan Uylenburgh ek:Saskia fan Uylenburg (Ljouwert, 21 augustus 1612 - Amsterdam, 14 juny 1642) wie in boargemastersdochter dy't troude mei de Nederlânske skilder Rembrandt van Rijn, soan fan in begoedige mûnder út Leien, sûnt inkelde jierren trochbrutsen en dwaande mei in útsûnderlike opgong. Saakje hat model stien foar in pear ferneamde skilderijen en tekenings fan him.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saskia wie de jongste fan acht bern fan Rombertus fan Uylenburgh, in bekende abbekaat, boargemaster en ien fan de stifters fan de Universiteit fan Frjentsjer. Saakje, bûten Fryslân meast Saskia neamd, waard wees doe't se tolve jier âld wie, nei de dea fan har mem, Sjoukje Ozinga, en har heit fiif jier letter ferstoar.
Saakje kaam mei Rembrandt yn de kunde troch har neef, Hindrik fan Uylenburgh, in skilder en keunsthanneler waans âlden emigrearre wienen nei Krakow yn Poalen, mar yn 1625 besluet Hindrik om nei Amsterdam te gean. Fan 1631 ôf makke Rembrandt skilderijen foar Uylenburg's Amsterdamse en Menniste klanten. It span troude op 22 juny, 1634 op it Bilt, wêr't Saskia grutbrocht wie troch har suster Hiskje en har man Gerard van Loo, in abbekaat en sikretaris fan de gritenij. Saskia wenne in skoft yn Frjentsjer, doe't har suster Antsje stoar. Nei de begraffenis holp Saakje har sweager, de Poalske professor yn de teology, Johannes Maccovius.
Fan 1635 ôf joech Rembrandt les yn syn Akademia; de meast foaroansteande learlingen wienen Govert Flinck, Gerbrandt van den Eeckhout en Ferdinand Bol. Rembrandt fertsjinne knap troch syn keunstwurken, en yn 1639 kochten se in foaroansteand hûs yn de Jodenbreestrjitte. Dit hûs, njonken harren sweagers galery, lei oan it begjin fan de Joadske wyk. It hjit no it Rembrandt Hûs Museum. Al earder, op 16 juny 1638 kleide har Fryske famylje yn in brief dat Saakje har erfenis fergriemde.
Trije fan harren bern stoaren koart nei de berte, mar op 2 septimber, 1641 waard harren Titus doopt, neamd nei har memmes suster Tytsje (Titia) fan Uylenburgh. Saskia stoar it jier dêrnei, nei't sein wurd oan tuberkuloaze. Se waard begroeven yn de Alde Tsjerke.
Nei har dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in dei joech Rembrandt de juwielen en ringen dy't fan Saskia west hienen, oan de bernefaam, Geertje Dircx, in gebeart dat net botte wurdearre waard troch de Fryske famylje Uylenburgh. In pear jier letter ferwachte Geertsje dat Rembrandt mei har trouwe soe, mar dat soe it ferlies fan Saskia's erfdiel betsjutten hawwe. Doe't Geartsje by har wei wie en besocht de juwielen te ferkeapjen, gie Rembrandt nei de rjochtbank en waard Geertsje opsluten yn in gekkehûs yn Gouda en Rembrandt betealle har reis.
Titus en syn heites freondinne, harren eardere tsjinstfaam Hendrickje Stoffels namen Rembrandt yn 1655 yn tsjinst: in liepe oplossing, omdat hy sa mear skilderje koe sûnder lestich fallen te wurden troch syn skuldeaskers. Rembrandt ferkocht Saskia's grêf op 27 oktober, 1662 om sa jild te hawwen foar it hieren fan in grêf foar Hendrickje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|