Springe nei ynhâld

Kascha Papillon

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 jan 2024 om 00.20 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Werom sette fan ferzje 1143507 fan Special:Contributions/88.66.132.161 (Meidogger_oerlis:88.66.132.161) Kloppet net, lês de tekst fan 'e paragraaf "Jonkheid en Komôf")
Kascha Papillon
persoan yn de seksyndustry
Ofbyld:Kascha Papillon.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Allison LePriol, Kascha Le Priol,
Kasha Papillon, Kacha, Kasha
echte namme Allison Kainoaani Chow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 desimber 1967
berteplak Millilani (Hawaï)
etnisiteit Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19881994
offisjele webside
www.kaschapapillon.com

Kascha Papillon, echte namme: Allison Kainoaani Chow (Millilani (Hawaï), 8 desimber 1967), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en mainstream-aktrise fan Sineesk etnysk komôf. Hja wie ien fan 'e grutte nammen út 'e eintiid fan it saneamde Gouden Tiidrek fan 'e Porno, en waard faak koartwei Kascha neamd. Har skûlnamme waard ek gauris misstavere as Kasha Papillon, en yn har lettere mainstream-wurk makke se gebrûk fan 'e nammen Allison LePriol en Kascha Le Priol.

Libben en karriêre

Jonkheid en komôf

Kascha waard yn 1967 berne yn it plakje Millilani, yn 'e steat Hawaï, as de dochter fan in plysjeman. Hoewol't hja letter by wize fan marketingtrúkje oanpriizge waard as heal Sineesk, heal Sweedsk, wie hja fierhinne fan etnysk Sineesk komôf, mei mar hiel yn 'e fierte in lyts dripke Jeropeesk bloed. As opslûpen fanke besocht se profesjoneel tennister te wurden, mar dat waard har ûnmooglik makke troch in swiere blessuere. Nei't se as pornoaktrise begûn wie te wurkjen, ferbriek har famylje alle kontakt mei har.

Karriêre as neakenmodel

Yn 1987 sette Kascha útein mei in karriêre as neakenmodel, wêrby't se meiwurke oan 'e fideo Introducing Kascha (diel 5 út 'e rige Girls of the Double D). It jiers dêrop posearre se foar in fotoreportaazje troch de foaroansteande neakenfotografe Suze Randall, dy't yn augustus 1988 ôfprinte waard yn 'e Penthouse. Datselde jiers stie se op 'e omslach fan it neakenblêd High Society, yn 1989 op dy fan Hustler en 1990 op dy fan Juggs. Kascha foel dêrby op troch de kombinaasje fan har Aziatyske uterlik, har blondearre hier (ynkl. skamhier) en har mânske boarsten, dy't se operatyf fergrutsje litten hie. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.65 m lang, mei in gewicht dat fariëarre fan 48 oant 59 kg en kupmaat 36D. Se wie ien fan 'e earste aktrises dy't silikoaneymplantaten naam, en ûntstried yn 't earstoan dat se dat dien hie (mei de singeliere útlis dat har boarsten by in auto-ûngemak tsjin it dashboard oan klapt wiene, en dat de dêrtroch opswold wiene).

Karriêre as pornoaktrise

Kascha wie ien fan 'e earsten yn 'e Amerikaanske seksyndustry dy't har bekendheid as neakenmodel brûkte om fuortendaliks boppe-oan te begjinnen as pornoaktrise. Se makke har debút yn in pornografyske film yn 1988, doe't se 21 jier wie. Nei har eigen sizzen wie se dy deis frege foar in softcore-fotoreportaazje mei de Frânske pornoakteur François Papillon, mar waard se troch de produsint frege om daliks dyseldichste deis noch in hardcore-film op te nimmen. Hoewol't Kascha earst har betinkings hie, waard se oerhelle troch Papillon. Neffens harsels wie se doe noch tige ûnbeleard, en hie se in soad fan 'e dingen dy't se dy deis foar de kamera die, noch nea earder dien. It klikte sa mei Papillon, dat Kascha en hy letter mei-inoar trouden. De tatoeaazje fan in flinter, dy't se op har lofterstút sette liet, wie in ferwizing nei har man, mei't papillon it Frânske wurd foar "flinter" is.

Neitiid spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as tritich ûnderskate pornofilms, wêrfan't ferskaten har namme yn 'e titel hiene, lykas Educating Kascha en From Kascha with Love. Yn 1988 en 1989 wurke se mei oan alle acht Hawaii Vice-films, dy't regissearre waarden troch Ron Jeremy. Kascha die har measte pornografyske wurk inkeld mei har man, en wurke mar komselden mei oare akteurs. Njonken har pornokarriêre aktearre Kascha ek yn in trijetal mainstream-films: Caged Fury en Fortress of Amerikkka, beide út 1989, en Confessions of Professional Centerfolds út 1991. Uteinlik loek Kascha har yn 1994 út 'e pornoyndustry werom, wêrnei't se noch ferskate jierren as stripper wurke foar't se út 'e bekendheid weiwaard.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.