Springe nei ynhâld

Klokketoer fan Ivan de Grutte

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 jan 2024 om 20.24 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Klokketoer fan Ivan de Grutte

Колокольня Ивана Великого

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt Domenico Gilardi
boujier 1508
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771810302110456
Webside
Museum Kremlyn fan Moskou
Kaart
Klokketoer fan Ivan de Grutte (Moskou)
Klokketoer fan Ivan de Grutte

De Klokketoer fan Ivan de Grutte (Russysk: Колокольня Ивана Великого) yn Moskou is mei in hichte fan 81 meter it heechste gebou fan it Moskouske kremlyn. Hy waard tusken 1505 en 1508 foar de oanbuorjende katedralen boud, dy't gjin eigen klokketoer hawwe. By de klokketoer heart in letter oanboude eardere tsjerke, dy't sûnt de 17e iuw ek as in klokketoer yn gebrûk nommen waard.

De namme fan 'e toer is oan in eardere tsjerke te tankjen, dy't dêr ea op it plak stie. Dy tsjerke wie oan 'e hillige Syrjyske kluzener Jehannes Klimakus wijd, yn Ruslân as Ivan oantsjut. It tafoegsel "de Grutte" (yn 'e betsjutting fan "de hege") ûntstie pas nei de bou fan de hjoeddeiske klokketoer. Oerlevere is de stifting fan in lytse Jehannestsjerke yn 'e simmer fan 1329 ûnder grutfoarst Ivan Kalita. Dy tsjerke, ien fan 'e earste tsjerken fan Moskou dy't fan stien yn stee fan hout boud wie, liet Ivan III yn it ramt fan in grutte útbou fan it kremlyn, troch de nije klokketoer ferfange. Foar de ferbou van it kremlyn noege Ivan III in tal Italjaanske arsjitekten út.

Mei de bou waard yn it jier 1505 begûn en trije jier letter, nei it ferstjerren fan Ivan III, waard it wurk ôfsletten. Oarspronklik hie de klokketoer in hichte fan 60 meter. Yn it achthoekige basisdiel, dat in fiif meter dik fûnemint hat, waard de Jehannes-Klimakustsjerke wijd. Tagelyk tsjinne Ivan de Grutte fan it begjin oan ek as klokketoer foar de trije kremlynkatedralen en de lytse Jehannes-Klimakustsjerke. Fanwegen de hichte hie de toer ek in strategyske funksje om gefaar lykas brannen as in optsjende fijân op 'e tiid te fernimmen.

De nocht frijsteande klokketoer ear't de Opstanningsterke oanboud waard by in prosesje op 3 maaie 1613

In earste útbou fûn yn 'e jierren 1531-1543 plak, doe't in oare Italjaanske arsjitekt fuort njonken de klokketoer de Opstanningstsjerke (Церковь Воскресения) bouwe liet. Tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw waard dy tsjerke ferboud ta klokkestoel. Op hiele wichtige otterdokse feesten laten de klokken fan 'e toer en de eardere Opstanningstsjerke tagelyk.

De tsjintwurdige hichte fan 81 meter krige de toer yn 'e jierren 1599-1600, doe't tsaar Boris Godûnov op 'e toer noch in ferdjipping mei de sipelfoarmige bekroaning bouwe liet. Ta oantinken dêrfan krige de toer de fergulde tekst fuort ûnder de koepel (de tekst waard in jier letter, yn d'e drege tiid fan Ruslân, op ynisjatyf fan 'e falske Dmitry fuortstrutsen en ûnder Peter de Grutte wer oanbrocht. It wie net tastien om heger te bouwen dan de klokketoer fan Ivan de Grutte. Oant de bou fan 'e Kristus de Ferlosserkatedraal yn 1883 bleau de klokketoer dus ek it heechste gebou fan Moskou. Allinne de noardeastlike Mensjikov-toer, likernôch twa kilometer fierder, hie tusken 1707 en 1723 deselde hichte.

De toer nei de fernielings fan Napoleon's leger yn 1812.

Yn 1624 ûntstie mei de saneamde Filaret-oanbou (Филаретова пристройка) noch in tafoeging oan 'e noardlike kant fan 'e Opstanningstsjerke. Ofhinklik fan 'e boarnen wie it de Ingelske of Dútske arsjitekt Jan Thaler en de Russyske boumaster Basjen Ogûrzov dy't dit diel mei in opfallend tintedak mei goatyske eleminten bouwe lieten.

De Frânske besetting fan Moskou troch troepen fan Napoleon yn 1812 brocht slimme skea oan 'e klokketoer. Nei't Frânske troepen nei de Slach fan Borodino Moskou besetten, woe Napoleon it krús fan de klokketoer, dêr't Napoleon fan tocht dat it fan massyf goud wie, fan 'e toer helje om it nei Parys te bringen en it dêr wer del te setten op 'e Dôme des Invalides. It draaide út op in ferneatiging fan it krús, want by it besykjen om it krús te demontearjen stoartte it del en briek. Doe't Napoleon him werom lûke moast joech er de opdracht om de klokketoer op te blazen. De ontploffing ferneatige de Opstanningstsjerke folslein, mar de toer bleau stean en feroarsake allinne wat skuorren yn it fûnemint. De weropbou fan 'e gebouwen ûnder lieding fan 'e arsjitekt Ivan Jegotov en Luigi Rusca fûn yn it ramt fan de grutte weropbou fan de hiele stêd yn 'e jierren 1816-1823 plak.

Oant 1917 fûnen der noch alle dagen tsjinsten plak yn 'e Jehannes Klimakustsjerke. De toer waard yn 'e Sovjettiid lykas ynearsten it hiele kremlyn sletten foar it publyk. Foar it lêst laten de klokken fan Ivan de Grutte mei Peaske en de Himelfeart yn 1918, dêrnei moasten de klokken swije. Neffens in ferhaal hat in soldaat yn 'e jierren 1950 of 1960 noch besocht it ferbot te skeinen en binne de klokken doe oan ketlings fêstset.

Meiïnoar hingje yn 'e toer en oanbou 22 klokken, dy't fan 'e 16e oant de 19e iuw getten waarden. Dêrfan hingje 18 lytsere klokken yn 'e basis en it middendiel fan 'e toer, trije yn 'e eardere Opstanningstsjerke en ien yn 'e Filaret-oanbou. By dy lêste fjouwer klokken giet it om de grutste en de wichtichste klokken.

De yn 'e klokkestoel fan 'e Filaret-oanbou hingjende sneinsklok is 13 ton swier en waard yn 1704 getten troch Ivan Motorin, deselde jitter as de tsjintwurdich foar de klokketoer steande Tsareklok.

Ien fan de trije klokken yn 'e eardere Opstanningstjerke is de Uspenskiklok. Oarspronklik waard de klok yn it begjin fan 'e 16e iuw getten troch in ûnbekende master en letter oant twa kear omraand om wer op 'e nij getten te wurden; de earste kear wie yn 1760 en de twadde kear yn 1819, nei't de klok by de ontploffing yn 1812 briek. By it jitten yn 1819 waard de klok mei in soad reliëfs fan Jezus, Marije en tsaren fersierd. De klok is 65,5 ton swier en wurdt tradisjoneel let op de grutte kristlike feesten lykas Peaske. Eartiids waard mei it trije kear lieden fan 'e klok ek de dea fan in tsaar oankundige. De twa oare klokken binne 19,6 ton en 16.6 ton swier. De 19,6 swiere klok waard yn 1622 getten troch de ferneamde brûnsjitter Andrej Tsjochov, dy't ek de Tsarenkanon yn it kremlyn geat. By de eksploazje yn 1812 briek de klok net folslein; de twa stikken dy't der doe ôfbrieken koene der letter wer oanlast wurde sûnder gefolgen foar de klank fan de klok.

De yn 'e klokkestoel hingjende Sneinsklok yn 'e Filaret-oanbou is 13 ton swier en waard yn 1704 troch de klokkejitter Ivan Motorin getten, de jitter fan 'e foar de toer opstelde Tsareklok, dy't nea let hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Glockenturm Iwan der Große