Pluto (planeet)
(134340) Pluto (symboalen: [1] en [2]) is in yn 1930 ûntdekt himellichem yn ús sinnestelsel dat oant 24 augustus 2006 klassifisearre waard as planeet en sûnttiids as dwerchplaneet. Op 13 septimber 2006 krige Pluto ek in nûmer yn de katalogus fan planetoïden; nammentlik 134340. De dwerchplaneet is neamd nei de Romeinske god fan de ûnderwrâld, Pluto.
De ûntdekking fan Pluto
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pluto is op 18 febrewaris 1930 ûntdekt troch de astronoom Clyde Tombaugh by it fergelykjen fan fotografyske platen op it Lowell Observatory yn Arizona. Tombaugh socht om in ûnbekende Planeet X yn in baan bûten Neptunus, dy't foarsein wie troch Percival Lowell.
De namme Pluto is net samar keazen, hy begjint mei de inisjalen fan Percival Lowell, de astronoom dy't lange tiid om Pluto socht hat, mar dit himellichem nea ûntdekt hat. In kombinaasje fan de letters P en L waard keazen as it symboal fan Pluto.
Baan om de sinne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De baan fan Pluto is sa eksintrysk dat dit himellichem wol 20 jier fan syn 248 jier duorjende omrintiid tichter by de sinne stiet as de planeet Neptunus. De lêste kear dat dit barde wie fan 7 febrewaris 1979 oant 11 febrewaris 1999. Neist Pluto en Charon bewege der oare Kuipergurdle-objekten yn in hast identike baan. Inkele bekende objekten yn dizze klasse binne (90482) Orcus en (28978) Iksion.
Karakteristiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de gearstalling fan Pluto is hast neat bekend. De trochsneed tichtheid fan de dwerchplaneet, sawat 2,0 g/sm³, hâldt de midden tusken dy fan (wetter)iis (0,9 g/sm³) en stien (rom 3 g/sm³). De meast gongbere teoryen geane dêrom út fan in rotsachtige kearn mei dêromhinne in mantel fan beferzen wetter.
Gearstalling atmosfear | |
---|---|
Stikstof (N2) | > 90% (?) |
Metaan (CH4) | ~ 1% (?) |
Koalstofmonokside (CO) | < 1% (?) |
Atmosfear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In augustus 1988 barde der in stjerbedekking fan Pluto; hy skode fan de ierde ôf sjoen, foar in stjer lâns. It ljocht fan dy stjer blykte net abrupt efter Pluto te ferdwinen en werom te kearen, mar stadichoan. Dit bewiisde dat Pluto in ile atmosfear hat. De druk dêrfan bedroech yn 1988 ûngefear 1,5 mikrobar (0,15 Pa); by in stjerbedekking yn 2002 blykte dit ferdûbele oant 3 mikrobar. Mooglik is de druk oan it oerflak noch wat heger (100 mikrobar of mear), want de atmosfear soe djipper wêze kinne as earder oannomd (de dwerchplaneet sels soe dan wat lytser wêze).
De gearstalling fan de atmosfear is hast gelyk oan dy fan de Neptunusmoanne Triton. Ut it mjitten molekúlgewicht folget dat it haadbestândiel stikstof is; spektraal binne fierders metaan en koalstofmonokside oantoand. Dizze atmosfear ûntstiet troch sublimaasje fan beferzen stikstof en oare izen oan it oerflak fan de dwerchplaneet. As troch de eksintryske baan Pluto's ôfstân ta de sinne grutter wurdt, sil de atmosfear wer hast hielendal befrieze. De lytse oanlûkingskrêft fan Pluto makket dat atmosfearyske gassen frij maklik fan de dwerchplaneet weistreame, benammen it lichte metaan; mooglik belannet in diel by Charon, dy't sa dus ek in tige ile atmosfear opbouwe kinne koe.
Pluto's moannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Charon (134340-I)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1978 en 2005 wie fan Pluto mar ien natuerlike moanne bekend, neamd Charon, en ûntdekt troch James Christy en Robert Harrington. Charon hat in middelline fan 1205 km en draait yn in hast sirkelfoarmige baan om Pluto op in ôfstân fan 19 570 km. De massa fan Pluto is mar acht kear sa grut as dy fan Charon. It gefolch dêrfan is dat it massaswiertepunt by dizze kombinaasje as ienige yn ús sinnestelsel fier bûten it oerflak fan de "planeet" leit. In oar opmerklik fenomeen is dat dizze himellichems altiten mei deselde side nei elkoar ta stean bleauwe; se sitte yn in sa hjitten syngroane of bûne rotaasje. Ut opnamen fan de romteteleskoop Hubble blykt dat Charon wat mear blauwich is, wêrút opmakke wurde kin dat Pluto en Charon in ferskillende gearstalling hawwe.
Op 13 septimber 2006 hat Charon fan de Ynternasjonale Astronomyske Uny (IAU) de oantsjutting 134340-I krigen.
Namme | Diam. (km) | Massa (1018 kg) | Baanstriel (km) | Omrin- tiid (dagen) |
ynklin. | Eks. | Fisuele Magn. | Albedo | Unt- dekt |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Charon | 1205 | 1550 | 19 571 ±4 | 6,387 230 | 96,15° | 0,000 | 17,26 | 37% | 1978 | syngroane rotaasje; kleur griis |
Niks en Hydra (134340-II en III)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein oktober 2005 makken H.A. Weaver en S.A. Stern bekend dat op Hubble-foto’s út maaie 2005 twa nije moannen fan Pluto ûntdekt wienen; se krigen de foarlopige oantsjuttings S/2005 P 1 en S/2005 P 2. De IAU keurde op 23 juny 2006 offisjeel de nammen Hydra en Niks goed. Troch harren helderheid bedraacht de diameter fan beide moantsjes grif tusken de 30 en 160 km. De omrintiden fan de trije moannen Charon, Nix en Hydra ferhâlde har hast krekt as 1 : 4 : 6. Dat hat ta gefolch dat de ûnderlinge posysjes fan Pluto en syn trije maonnen nei elke tolve Charon-omrinnen (12 × 6,38722 = 76,65 dagen) hast lyk werhelje. Soksoarte ferskynsel wurdt baanresonânsje neamd; it kin ynformaasje jaan oer de wize wêrop it stelsel fan Pluto en de trije moannen ûntstien is. Sûnt 13 septimber 2006 hawwe Niks en Hydra fan de IAU de oantsjuttings 134340-II en 134340-III krigen.
Namme | Diam. (km) | Massa (1018 kg) | Baanstriel (km) | Omrin- tiid (dagen) |
Ynklin. | Eksk. | Fisuele Magn. | Albedo | ûnt- dekt |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Niks (S/2005 P 2) |
40–125 | ~0,1–1 | 48.675 ±120 | 24,856 | 96° | 0,002 | 24,55 ±0,02 | 4–35% | 2005 | baanresonânsje mei Charon; kleur readeftich (krektas Pluto sels) |
Hydra (S/2005 P 1) | 45–135 | ~0,1–1 | 64.780 ±90 | 38,206 | 96° | 0,005 | 24,39 ±0,02 | 4–35% | 2005 | baanresonânsje mei Charon; kleur griis |
Kerberos
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei help fan Hubble's Wide Field Camera 3 waard 28 juny en 3 july 2011 in tige lyts fjide moantsje fotografearre dat ynearsten de namme P4 draagt en yn 2013 de namme Kerberos.
Hubble makket foto's fan Pluto as tarieding op de ûnbemanne missy New Horizons.
Namme | Diam. (km) | Massa (1018 kg) | Baanstriel (km) | Omrin- tiid (dagen) |
Ynklin. | Eks. | Fisuele Magn. | Albedo | Unt- dekt |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Kerberos (S/2011 P 1) | 13–24 | - | 59.000 | 32,1 | - | - | - | - | 2011 | De lytste moanne fan Pluto |
Styx
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa'n jier nei de ûntdekking fan P4/Kerberos waard der in fyfde ûntdekt dy't ynearsten P5 neamd waard en 2013 de namme Styx krige. Moanne wurdt foarearst oantsjut mei S/2012 (134340) 1.
Namme | Diam. (km) | Massa (1018 kg) | Baanstriel (km) | Omrin- tiid (dagen) |
Ynkin. | Eks. | Fisuele Magn. | Albedo | Ont- dekt |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Styx (S/2012 P 1) | 5-22,5 | - | 42.000 | 20,2 | - | - | - | - | 2012 | - |
Status fan Pluto
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pluto's lytse omfang (lytser as ús moanne) en sterk elliptyske baan om de sinne wienen foar guon astronomen redenen om te betwifeljen oft it objekt wel ta de planeten rekkene wurde moat en net in planetoïde is, sa't dy by hûnderten yn de Kuipergurdle fûn binne. Sûnt de ûntdekking waard Pluto lykwols algemien beskôge as de 'njoggende planeet'. Dizze status bleau sa oant yn 2003 2003 UB313 (tsjintwurdich: Eris) ûntdekt waard, in objekt dat in skatte diameter fan 1,5 kear dy fan Pluto hat. Nei oanlieding fan dy ûntdekking boazen de diskusjes oer it planeet-wêze fan Pluto opnij oan. Der wie slim ferlet fan in slutende definysje dy't foar iens en foar altiten dúdlik meitsje soe hokker objekten de titel planeet drage mochten en hokker net.
Op 24 augustus 2006 waard op it 26ste kongres fan de IAU yn Praach beslist dat in planeet in objekt is dat troch syn eigen swiertekrêft rûn is, yn in baan om de sinne draaie moat en de omjouwing fan yn baan skjinfage hawwe moat fan oare objekten. Pluto foldocht wol oan de earste twa betingsten, mar net oan de lêste. Dêrtroch ferlear Pluto syn status fan planeet, in status dy't hy 76 jier lang fiere mochten hie.
Omdat Pluto wol oan de oare kritearia foar planeet foldocht, waard in nije kategory betocht dy't Pluto en fergelykbere himellichems ûnderskiede moast fan de miljoenen oare objekten yn ús sinnestelsel; Pluto stiet sûnt dy datum tegearre mei Eris en Seares te boek as in dwerchplaneet.[3] Letter binne der noch mear objekten dy't ek de status fan dwerchplaneet krigen hawwe, en der wurdt ferwachte dat dit oantal him noch fierder útwreidzje sil.
Waarnimmen en ferkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pluto hat ûngefear magnitude 14 en is al mei in reedlik grutte amateurteleskoop (diameter 20-25 cm) te sjen, mar details bliuwe sels mei grutte teleskopen amper te sjen. Oan de ein fan de jierren '80 stienen Pluto en Charon fan de ierde ôf sjoen ôfwikseljend foar elkoar (okkultaasje), wêrtroch't út de wikseljende helderheden details oer de oerflakte werlieden wurde koenen. Hjirút waard ûnder oaren dúdlik dat Pluto iiskapen hat oan de poalen en om de evener waarden donkere plakken oantroffen. Mei de Hubble romteteleskoop binne foto's makke fan Pluto wêrop swakke kontoeren te ûnderskieden binne.
De earste ûnbemanne missy nei Pluto waard lansearre op 19 jannewaris 2006. De NASA romtesonde New Horizons is sûnt dy datum ûnderweis. Oan board is in bytsje fan de jiske fan de yn 1997 ferstoarne ûntdekker fan Pluto, Clyde Tombaugh. Hy kaam yn july 2015 by de dwerchplaneet oan. Der binne detaillearre foto's fan Pluto en Charon makke en de atmosfear waard ûndersocht. Tusken 2016 en 2020 - sil New Horizons oare objekten yn de Kuipergurdle neier bestudearje.
De foar desimber 2004 plande Pluto Kuiper Express waard annulearre fanwege finansjele problemen. Dizze missy hie oarspronklik hast deselde doelstellings as dy fan New Horizons.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ JPL/NASA, What is a Dwarf Planet? (22 april 2015). Oproppen op 19 jannewaris 2022.
- ↑ Physics and chemistry of the solar system, 2. Elsevier (2004), p. 64.
- ↑ David A. Weintraub Is Pluto a Planet? - A Historical Journey through the Solar System, uitg. Princeton University Press, Princeton NJ (2006)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pluto fan Wikimedia Commons. |