Springe nei ynhâld

Tarra White

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 jan 2024 om 22.29 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tarra White
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Tarra Light, Tara White, Tarra,
Terra White, Susie, Chrissy,
Ondreja, Marianna, Martha
echte namme Martina Hlavač Mrakviová
nasjonaliteit Tsjechysk
berne 19 novimber 1987
berteplak Ostrava (Tsjechje)
etnisiteit Moravysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.tarrawhiteblog.net

Tarra White, echte namme: Martina Hlavač Mrakviová (Ostrava, 19 novimber 1987), is in Tsjechysk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en blogger, dy't berne is yn it Moravyske Ostrava doe't dat noch ûnderdiel útmakke fan Tsjechoslowakije. Yn it ferline hat se ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammes Tarra Light, Tara White, Terra White, Tarra, Susie, Chrissy, Ondreja, Marianna en Martha.

Doe't se fiif jier wie, woe White skielk as se grut wie in stripper wurde, en oefene se it opfieren fan in striptiis yn 'e beslettenens fan har sliepkeamer. Doe't se trettjin wie, besleat se om ynstee in pornostjer te wurden, en oefene se om neaken te posearjen op har mem har hege hakken. Doe't har mem har dêrby trappearre en fan 'e ambysjes fan har dochter hearde, wie se not amused. Neffens eigen sizzen liet White har ûntfamje doe't se sechstjin wie. Op 19 novimber 2005, de deis dat se achttjin waard, makke White har debút yn har earste pornografyske film. Se siet doe noch op 'e middelbere skoalle, en de sêne, wêryn't se yn it iepenbier seks hie mei tsjinspiler Robert Rosenberg, waard lyk foar de Universiteit fan Praach opnommen.

Sûnt hat White neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 224 pornofilms spile en ferskate prizen wûn, mei dêrûnder in Goudene Stjer (de wichtichste Tsjechyske pornografypriis) en twa Hot d'Ors (de wichtichste Jeropeeske pornografypriis). Ek hat se ien (Amerikaanske) AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) en nominaasjes foar noch fiif oaren yn 'e wacht sleept. White, dy't yn 2006 in boarstfergrutting ûndergie, stie sûnt 2008 in tal jierren ûnder kontrakt by it Sweedske Private-label.

Njonken har aktearwurk hat hja ek in hoartsje in twawykliks bloch skreaun foar de searje Private Sexclusive. Yn 2010 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn it Kalifornyske Los Angeles en trochbriek yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Sûnt maaie 2008 is White fierders ek wurksum, ûnder har wiere namme Martina Mrakviová, as ien fan 'e nijslêzeressen fan Red News, in programma op 'e webside fan it Tsjechyske TV Nova, wêryn't de froulike presintatrises strippe ûnder it oplêzen fan it nijs, krekt as by it Amerikaanske Naked News.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 Goudene Stjer
(op 'e Eroatyske Show fan Praach)
wûn bêste stjer fan it jier n.f.t.
2007 Sulverne Stjer
(op 'e Eroatyske Show fan Praach)
wûn bêste Tsjechyske pornoaktrise fan it jier n.f.t.
2008 FICEB Ninfa Award wûn bêste byrol fan in aktrise Wild Waves
2009 Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske artyste n.f.t.
wûn bêste Jeropeeske aktrise Billionaire
2010 AVN Award nominearre bêste sêne yn in bûtenlânske produksje (mei Nacho Vidal) Pornochic 17: Tarra White
Erotixxx Award wûn bêste ynternasjonale aktrise n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Slutty and Sluttier 11
nominearre bêste sêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Denis Marti) Evil Anal 11
nominearre bêste groepsekssêne (mei Carla Cox, Rocco Siffredi en Ian Scott) Tori, Tarra & Bobbi Love Rocco
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Cayenne Klein,
Mike Chapman, Marcus en Ian Scott)
Cayenne Loves Rocco
wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Aleska Diamond,
Anna Polina, Anissa Kate, Angel Piaff, Rita en Mike Angelo)
The Ingenuous

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: