Bernhard van Haersma Buma
Bernhardus (Bernhard) van Haersma Buma (Starum, 23 maart 1932 - Ljouwert, 26 juny 2020) wie in Nederlâns politikus fan de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en letter fan it CDA.
Hy is in soan fan mr. S.M. van Haersma Buma fan Starum dy't dêr sûnt 1930 boargemaster wie. Doe't er seis jier wie waard syn heit boargemaster fan Wymbritseradiel mar yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard dy út reden fan syn anti-Dútske hâlding arrestearre; yn 1942 waard ferlear er it libben yn it konsintraasjekamp Neuengamme.
Bernhard van Haersma Buma helle it gymnasium yn Snits en yn 1950 sette er útein mei de rjochtenstúdzje oan de Ryksuniversiteit Utert. Dêrnei begûn er syn karriêre by it kabinet fan de boargemaster fan De Haach en yn 1959 waard er waarnimmend sjef fan it kabinet fan de Kommissaris fan de Keninginne yn Drinte. Dêrneist wie er ek polityk warber; sa waard er yn 1960 as foarsitter fan de Federatie van Christelijk-Historische Jongerengroepen keazen.
Yn juny 1962, Van Haersma Buma wie doe krekt 30 wurden, waard er boargemaster fan Warkum en acht jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan Snits. Hy soe dy funksje hâlde oant syn pensjoen yn july 1993. Yn dy tiid, mar ek letter, hat er mear as ien boek oer Frysk-histoaryske ûnderwerpen skreaun.
Mr. B. van Haersma Buma troude yn 1959 mei mr. drs. Elly van Werkum (1933-2019) dy't ôfstudearre yn de rjochten en de Fryske taal- en letterkunde. Sy krigen twa dochters en in soan. Soan Sybrand van Haersma Buma waard lid fan de Twadde Keamer en wie fraksjefoarsitter fan it CDA. Yn 2019 waard er beneamd ta boargemaster fan Ljouwert.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boeken (mei)skreaun troch Bernhard van Haersma Buma:
- Van wezenzorg naar stadsbelang : het Old Burger Weeshuis te Sneek 1581-1981, Osinga, Boalsert, 1981, ISBN 90-6066-386-1
- Rapport van de commissie Naar een nieuw Fries Museum beleid, Frysk Museum, Ljouwert, 1985
- Gotisch bouwen in Friesland, Stichting Monumint fan de Moanne, Ljouwert , 1991, ISBN 90-73845-03-3
- Spoorzoeken naar Gods erf : middeleeuwse Friese kloosters, Stichting Kultuer en Toerisme yn Fryslân, Ljouwert, 1994, ISBN 90-73845-23-8
- Dominicusdag 1245-1995 : 750 jaar Dominicaanse aanwezigheid in Leeuwarden, Komitee Dominikusdei 1245-1995, Ljouwert, 1999, ISBN 90-900937-9-6
- Het Boshuisen Gasthuis te Leeuwarden : gestalten en geslachten rond een gasthuis uit 1652, Stichting Boshuisen Gasthuis, Ljouwert, 1999, ISBN 90-901270-5-4
- 1969-1999, Zuidwest Friesland, Súdwest Frysklân, Gearwurkingsferbân fan gemeenten, Snits, 1999, ISBN 90-901283-2-8
- De Grote of Jacobijnerkerk en de Friese Nassaus, Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2005, ISBN 90-330-0521-2
- De Grote of Jacobijner kerk te Leeuwarden, Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2008, ISBN 978-90-330-0648-7
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk abbekaat
- Frysk amtner
- Frysk bestjoerder
- Frysk politikus
- CHU-politikus
- CDA-politikus
- Boargemaster fan Snits
- Boargemaster fan Warkum
- Frysk publisist
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Starum
- Persoan stoarn yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1932
- Persoan stoarn yn 2020