Springe nei ynhâld

Willem Barendsz (I)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jan 2024 om 19.02 troch Drewes (oerlis | bydragen) (kopke)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Willem Barendsz
algemiene ynformaasje
flagge 1931–1945:
1946-1960: flagge fan Nederlân
1960-1966
thúshaven Amsterdam
oare namme(n) 1931: Pan Gothia
1955: Bloemendael;
1961: Nitto Maru;
1964: Nichiei Maru
skiednis
werf Götaverken, Göteborg
tewetterlitting 1931
yn de feart 24 oktober 1946
út tsjinst 1960
status sloopt
bysûnderheden en sifers
type walfisfabryksskip/tanker
lingte 154,99
breedte 19,57
djipgong 4,44
tonnaazje 10.635 brt
oandriuwing 2 diselmotors, 4800 hk
maks. faasje 10 knopen
bewapening gjin
opmerkings Ropletters: PIPZ / PDDT

De Willem Barendsz (I) wie it earste Nederlânske walfiskfabryksskip dat tusken 1946 en 1955 brûkt waard as memme- en fabryksskip foar njoggen ekspedysjes yn de seeën om Antarktika hinne foar de Nederlandsche Maatschappij voor de Walvischvaart (NMW).

It skip waard yn 1931 boud as tanker fan 10.409 brt ûnder de name Pan Gothia troch de werf Götaverken yn Göteborg. Yn 1945 kocht de NMW-yn-oprjochting de tanker om dy om te bouwen ta fabryksskip foar de earste Nederlânske walfiskfearteksepedysje nei it Súdpoalgebiet.

It tankskip waard troch de Amsterdamsche Droogdok Maatschappij en de Nederlandsche Dok en Scheepsbouw Maatschappij omboud ta driuwende traansiederij. Dêrfoar waard yn it efterskip in slipway makke wêrmei't de walfisken op it haaddek lutsen wurde koene om dêr ferwurke te wurden. Nei de ferbouwing wie it tonnaazje 10.635 brt.

De earste Nederlânske walfiskfeartekspedysje mei de Willem Barendsz (I) duorre fan desimber 1946 oant maaie 1947. Op 17 desimber begûn de fangst, op 21 maaie 1947 gie it skip werom nei Amsterdam.

De Bloemendael, 1960

Yn 1951 bestelde de maatskippij in nij skip en it seizoen 1954-1955 wie it lêste dêr't de Willem Barendsz (I) as memmeskip oan meidie. Nei de oplevering fan it nije skip, de Willem Barendsz (II), yn july 1955 waard it âlde skip omdoopt ta Bloemendael. Under dy namme bleau it skip noch oant juny 1960 foar de maatskippij yn tsjinst yn syn oarspronklike funksje fan tanker. Yn it fangstseizoen fierde it as "shuttle tanker" tusken it nije memmeskip en de fêste wâl branje oan en helle traan op. Bûten it fangstseizoen waard it as tanker oan tredden ferhierd.

Yn juny 1960 waard it skip ferkocht oan Nitto Hogei KK yn Tokyo en fannijs doopt yn Nitto Maru, dy't it yn 1964 ferkochten oan Nippon Suisan KK dy't e namme feroaren yn de Nichiei Maru. Yn septimber 1966 kaam it skip yn Aioi (Japan) oan om sloopt te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.R. Bruijn, 'De Nederlandse Maatschappij voor de Walvisvaart 1946-1967', in: Economisch- en Sociaal-Historisch Jaarboek 48 (1985), 's-Gravenhage, 1985, p. 233-257
  • W.J.J. Boot, De Nederlandsche Maatschappij voor de Walvischvaart, Amsterdam, 1987, ISBN 9067071293
  • H.J.A. Dessens, G.J. van Dijk, Vinke & Co 1860-1985, Alkmaar, 1996, p. 43-46, 102-110, ISBN 9060130634
  • W. van der Plas, P. Dekker, G.L. van Duijn, A. van Duijn, Katwijkers op de walvisvaart, Katwijk, 2002, ISBN 9080031194