Springe nei ynhâld

Klaas Jaspers van den Akker

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 jan 2024 om 22.33 troch Sjoerddebruin (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Klaas Jaspers van den Akker

Klaas Jaspers van den Akker (Wier, 1 maart 1864Berltsum, 22 oktober 1943) wie in bouboer fan Berltsum.[1][2] Hy wie in soan fan Jasper Leenderts van den Akker (1827–1896) en Grietje Klazes Schat (1831–1905).[3]

Van den Akker wie lang haadbestjoerslid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Hy wurdt beskôge as in pionier fan it lânbouhúshâldûnderwiis yn Fryslân. Hy wie auteur fan it twadielige Van de Mond der oude Middelzee út 1934 en 1940.[4][5] De boekenrige is ferskate kearen werprinte en stiet bekend as in standertwurk oer it âlde boerelibben yn Fryslân.[6]

Yn 1937 waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[7] Hy stoar op 22 oktober 1943 yn 'e âldens fan 79 jier en waard op 27 oktober begroeven yn syn berteplak.[8][9][10]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte
  2. Dea-akte
  3. "Klaas Jan van den Akker werd 100 jaar geleden geboren", Ljouwerter Krante, 28 febrewaris 1964
  4. "Van den mond der oude Middelzee" (1934) yn Delpher
  5. "Van den mond der oude Middelzee" (1940) yn Delpher
  6. "Gedetailleerd beeld Friese boerenleven blijft onovertroffen", Ljouwerter Krante, 23 septimber 1989
  7. Kanselarij der Nederlandse Orden: gedecoreerden, 1815-1993
  8. "K.J. van den Akker, overleden", De Hepkema, 27 oktober 1943
  9. "K.J. van den Akker forstoarn", Friesche Courant, 27 oktober 1943
  10. "Begrafenis K.J. van den Akker", Friesche Courant, 28 oktober 1943