Springe nei ynhâld

Lytse tuorrebout

Ut Wikipedy
lytse tuorrebout
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gerseftigen (Poales)
famylje tuorrebouten (Typhaceae)
skaai tuorrebouten (Typha)
soarte
Typha angustifolia
Linnaeus, 1753

De lytse tuorrebout of lytse bollepyst (Typha angustifolia) is in soarte út de famylje fan de tuorrebouten. De lytse tuorrebout komt foar oan wâlkanten, op sompen en yn reidlannen en is geskikt om yn middelgrutte of grutte fivers te plantsjen.

Dizze soarte hat slanker blêd as syn grutte broer, de grutte tuorrebout (Typha latifolia). Yn hichte ûntrint de lytse tuorrebout de grutte net safolle. In hichte fan twa meter is berikber. Yn juny/july bloeie alle soarten tuorrebouten mei manlike en froulike ljochtbrune ieren, dêr't de blommen oan sitte. By rypheid binne de froulike ieren gieleftich oant grieneftich. De froulike blommen sitte yn 'e oksels fan de lytse skutblêden.

Sjoch ek

List fan planten

Keppeling om utens


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Typha angustifolia fan Wikimedia Commons.