Bûnt groukopke
bûnt groukopke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Carterocephalus palaemon | ||||||||||||
Pallas, 1771 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It bûnt groukopke (Carterocephalus palaemon) is in soarte yn it skaai fan de bûnte groukopkes (Carterocephalus).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bûnte groukopke is in flinter dy't libbet by boskrânen. Hy komt allinnich foar op plakken dêr't de weardplanten bjint of blikgers groeie. Dy weardplanten meie net te betiid meand wurde. Yn de tweintichste iuw fleach de flinter yn Nederlân yn Limburch en yn dielen fan de Achterhoeke, mar de soarte is stadichoan efterútgien. Tsjintwurdich komt de soarte yn twa gebieten foar: yn Noard-Brabân en Midden-Limburch en yn it easten fan de Achterhoeke en Twinte. Fan 1993 ôf wreidet de soarte him in bytsje út nei West-Brabân.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as kwetsber, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is donkerbrún mei oranjegiele plakken. It binne hurde fleaners.
Fleantiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter fljocht fan begjin maaie oant ein juny, foaral tusken 25 maaie en 5 juny. It bûnt groukopke fljocht yn ien generaasje.
Rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûp kin 25 mm lang wurde. Jonge rûpen binne grieneftich mei griis. Gruttere rûpen binne wyteftich grien mei wite en donkergriene streken. Folwoeksen rûpen hawwe in striekleur mei donkergrize rêchline. Folwoeksen rûpen oerwinterje as healwaaks rûp. Se spinne harren yn in blêd. As it maaitiid wurdt komme hja der wer út en begjinne mei tsien dagen sinnebaaien. Dêrnei ferpopkje se harren.
De rûp fret ferskillende soarten gers lykas blikgers, bjint, finnige koartstâle en boskkoartstâle.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Flintersoarte
- Groukopflinter
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kanada