Bûnt groukopke

Ut Wikipedy
Bûnt groukopke
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hesperiidae)
soarte
Carterocephalus palaemon

It Bûnt groukopke (Carterocephalus palaemon) is in soarte yn it skaai fan de Bûnte Groukopkes (Carterocephalus).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bûnte Groukopke is in flinter dy't libbet by boskrânen. Hy komt allinnich foar op plakken dêr't de weardplanten Bjint of Blikgers groeie. Dy weardplanten meie net te betiid meand wurde. Yn de tweintichste iuw fleach de flinter yn Limburch en yn dielen fan de Achterhoek., mar de soarte is stadichoan efterútgong. Tsjintwurdich komt de soarte yn twa gebieten foar: yn Noard-Brabân en Midden-Limburch en yn it easten fan de Achterhoek en Twinte. Fan 1993 ôf wreidet de soarte him in bytsje út nei West-Brabân.

Op de reade list stiet de flinter as kwetsber.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is donkerbrún mei oranjegiele plakken. It binne hurde fleaners.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan begjin maaie oant ein juny, foaral tusken 25 maaie en 5 juny. It Bûnt Groukopke fljocht yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 25 mm lang wurde. Jonge rûpen binne grieneftich mei griis. Gruttere rûpen binne wyteftich grien mei wite en donkergriene streken. Folwoeksen rûpen hawwe in striekleur mei donkergrize rêchline. Folwoeksen rûpen oerwinterje as healwaaks rûp. Se spinne harren yn in blêd. As it maaitiid wurdt komme hja der wer út en begjinne mei tsien dagen sinnebaaien. Dêrnei ferpopkje se harren.

De rûp fret ferskillende soarten gers lykas Blikgers, Bjint, Finnige Koartstâle en Boskkoartstâle.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]