Sint-Michaeltsjerke (Swol)
Sint-Michaeltsjerke Sint-Michaëlkerk | ||
It sintrum fan Swol mei de Sint-Michaeltsjerke om 1900 hinne | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
plak | Swol | |
adres | Roggestraat | |
koördinaten | 52° 30' 47" NB, 6° 05' 36" EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-katolyk | |
aartsbisdom | Utert | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Nicolaas Molenaar | |
boujier | 1890-1892 | |
sloopjier | 1965 | |
hichte | 79 meter (toer) | |
Kaart | ||
- Net te betiizjen mei Grutte of Sint-Michaeltsjerketsjerke.
De Sint-Michaeltsjerke wie in Roomsk-katolike tsjerke yn de Oeriselske haadstêd Swol en stie oan de Roggenstraat.
De hjoeddeistige Grutte of Sint-Michaeltsjerke wie oarspronklik ek oan de aartsingel Michael wijd, mar dy tsjerke gie by de reformaasje oar nei it protestantisme. Nei't der earst twa skûltsjerken brûkt waard, waard yn 1841 oan de Nieuwstraat 41 in nije tsjerke boud, nei in ûntwerp fan Theo Molkenboer. Dat gebou wie lykwols nei 50 jier al te lyts foar de waaksende katolike mienskip.
De nije tsjerke waard yn 1890-1892 boud. Arsjitekt Nicolaas Molenaar ûntwurp in trijeskippige halletsjerke yn neogoatyske styl. Oan de rjochterkant fan de foargevel stie de 79 meter hege toer, mei in achtkantige lantearne en in nullespits. Binnendoar wie de tsjerke oerkape mei in krúsribferwulft. Under yn de toer stie de relykskryn fan Thomas a Kempis. De skryn waard yn in 8 meter heech neogoatysk grêfmonumint pleatst dat om 1897 hinne makke waard troch de firma F.W. Mengelberg. It tsjerke-oargel waard yn 1926 boud troch Joseph Adema út Amsterdam.
Yn 1963 waard de tsjerke sletten, dy't ûnderwilens boufallich wurden wie. De gemeente Swol woe op dat plak in winkelsintrum bouwe. Der wie in soad tsjinstân tsjin it slopen en in soad wiene fan betinken dat op syn minst de karakteristike toer mei it Thomas a Kempis-monumint behâlden wurde soe, dochs dat helle neat út. De tsjerke waard yn 1965 mank mei de gebouwen fuortendaliks njonken de stjerke sloopt. Op dat plak waard in nij pân boud dêr't ynearsten de V&D yn hûsmanne wie, en dêrnei Hudson's Bay.
In nije Sint-Michaeltsjerke waard yn 1964 iepene oan de Bisschop Willebrandlaan. It oargel en de relykskryn fan Thomas a Kempis waard nei de nije tsjerke oerbrocht, mar it monumint fan Mengelberg waard ôfbrutsen. De skryn waard nei it sluten fan de nije Michaeltsjerke yn 2005 nei de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming brocht. It oargel stiet yn de Krúsferheffingstsjerke yn Raalte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|