Springe nei ynhâld

Park Güell

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 nov 2023 om 21.44 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De yngong fan it park

Park Güell, is in yn 1914 oprjochte park yn it Spaanske Barcelona yn it stedsdiel Gràcia, en hat, neffens de gemeentlike oantsjutting yn it park sels, in oerflakte fan 15 ha.

Eusebi Güell, lid fan in rike en aadlike famylje joech Antoni Gaudi yn 1900 de opdracht foar de oanlis fan in soartemint túndoarp op in stik braaklân yn it noardeasten fan de stêd Barcelona.

Gaudi naam dizze opdracht mei beide hannen oan, omdat it him yn steat stelde syn ideeën oer in op de natoer ynspirearre boukeunst foarm te jaan. Dat liede û.o. ta út stiennen waaksende pergola's, harmonieusk yn it lânskip yntegrearre treppen en paden en oeral weagjende, mei in soad kleuren, mozaykfersieringen, dêr't Gaudí de rûnom oanwêzigens fan God mei ta útdrukking bringe woe. Markante ûnderdielen fan it park binne de yngong mei de portierslôzje en portierswente, it stek, de pyldersgalerij, de dûbele trep mei Salamander (ek wol as Draak betitele) en de grutte, weagjende sitbank. Sawol sitbank as Salamander besteane út in letterlik ûntelber tal mozaykstikjes.

De eardere portierslôzje, oan de lofterside fan de yngong, is te besjen omdat dêryn de sûvenirwinkel fêstige is. De eardere portierswente, oan de rjochterside fan de yngong, herberget it kantoar fan de parkgidsen en is hiel soms tagonklik.

Ynearsten wie it Park Güell as wenwyk bedoeld. Dat waard lykwols gjin sukses: der waarden mar twa huzen ferkocht en boud.

Yn it park stiet ek it Casa Museu Gaudi, in lyts Gaudi-museum.

It park is yn in tiidsbestek fan 14 jier boud, en stiet sûnt 1984 op de list mei wrâlderfgoed fan de UNESCO

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Parc Güell fan Wikimedia Commons.