Springe nei ynhâld

Vitus Bering

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 okt 2023 om 16.16 troch Drewes (oerlis | bydragen) (minus, nei alle gedachten portret fan syn omke)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Forensyske postmortem rekonstruksje fan Bering oan de hân fan syn oerbliuwsels fûn yn 1991.

Vitus Jonassen Bering (Horsens (Jutlân), augustus 1681Awatsja (Beringeilân), 8 desimber 1741) wie in Deenske ûntdekkingsreizger, dy't yn Russyske tsjinst de Beringstrjitte en Alaska ûntduts.

Bering waard berne yn Horsens, yn Jutlân, mar kaam yn tsjinst fan de Nederlânske marine. Doe't Peter de Grutte yn 1704 de Russyske marine stichte, stapte er oer nei Ruslân, befarde de Swarte See en de See fan Azov en makke him yn de Grutte Noardske Oarloch fertsjinstlik yn de striid tsjin Sweden yn de Eastsee.

Syn namme libbet troch yn de Beringstrjitte, de Beringsee, it Beringeilân (Bering stoar dêr oan skuorbot), de Beringgletsjer, de Vitusmar en de Beringlânbrêge, allegear plakken dy't er besocht hat op syn Earste- en Twadde Kamtsjatka-ekspedysje.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]