Springe nei ynhâld

Ferwulft (boukeunst)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 aug 2023 om 00.17 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Soarten ferwulften: typfl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ferwulften

In ferwulft of ferwulf is in skaalfoarmige boukonstruksje om in romte te oerdekken. In ferwulft kin yn bakstien, beton, natoerstien of hout útfierd wurde.

Basilyk fan Maksentius

De echte ferwulftkonstruksje mei radiaal ferbûne stiennen wie al bekend yn Egypte en Assyrje en waard troch de Etrusken yn 'e boupraktyk fan it Westen yntrodusearre. Fral de Romeinen brochten de ûntwikkeling fierder en bouden ton-, krús- en koepelferwulften. Yn Rome binne in pear opfallende foarbylden bewarre bleaun, lykas it Panteön en de basilyk fan Maksentius.

Sûnt it begjin fan it 3e millenium foar Kristus waarden bakstiennen ferwulften boud yn Egypte en sûnt it ein fan de 8e iuw is de tapassing mei in slútstien bekend. Monumintale timpels fan de Farao's yn de Nyldelling hiene lykwols gjin ferwulften en sels de ûnbidich grutte portalen mei in breedte fan mear as 7 meter wiene oerspand mei út stien houde balken.

Ien fan de âldst bekende foarbylden fan in ferwulft is fûn yn it neolityske doarp Khirokitia op Syprus. De út 6000 f.Kr. datearjende rûne gebouwen ûnderstipen de bijekoerfoarmige koepelferwulften fan net-bakte modderstiennen. De gebouwen ferstjintwurdigje it earste bewiis foar bewenning mei ferdjippings. Soartgelikense tombes binne fûn op Kreta en yn it noarden fan Irak. De konstruksje fan dy tombes ferskille fan dy fan Khirokitia troch't dy foar it grutste part ûnder de grûn leine.

De koepel hat in oare betsjutting as it wurd ferwulft. It ferskil tusken in koepel en in ferwulft is dat it ferwulft ek foar lange romtes geskikt is.

Romaanske arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Drukkrêft fan in tonferwulft
Drukkrêft fan in ferwulft

By it bouwen fan ferwulften yn bygelyks de romaanske tsjerken moasten de Romeinske techniken fan de bou fan it tonferwulft mei de gurdlebôge op 'e nij eigen ûntwikkele wurde. Fanwegen it gewicht koe de bôge net al te breed en te heech wurde, om't oars de muorren út inoar drukt waarden. Om de druk op te fangen wiene faak dikke muorren nedich en koene de finsters net grut wêze

As twa tonferwulften inoar leadrjocht kruse, ûnstiet der in krúsferwulft. Troch't binne it fjouwerkant fan de fjouwer bôgen de fjouwer ferwulftkappen tsjin inoar rêste wurdt it ferwulft in stabile konstruksje. Yn de romaanske styl wien it ferwulft suver rûnfoarmich. Stadichoan waarden de rûnfoarmige ferwulften ferfongen troch spitsfoarmige ferwulften.

It romaanske krúsferwulft ûntwikkele him ta it krúsribferwulft, dat sa karakteristyk is foar de gotyk. It krúsribferwulft hie njonken de gurdlebôge ek twa diagonaalribben. Troch de tapassing fan spitsfoarmige bôgen koe heger boud wurde.

Troch bearen en loftbôgen as kontragewicht te bouwen om de drukkrêft fan it ferwulft op te fangen, wie it de goatyske tiid mooglik gruttere finsters yn te bringen. Benammen yn 'e gotyk ûnstiene in grut tal nije fariaasjes fan ryk fersierde en komplekse ferwulften.

Soarten ferwulften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vault (architecture)