Springe nei ynhâld

Diamantferwulft

Ut Wikipedy
Diamantferwulft yn de Sint-Petruskapel fan Brandenburg an der Havel

In diamantferwulft is in seldsume foarm fan in type ferwulft út de lette gotyk. It diamantferwulft waard fral tusken 1450 en 1550 yn Saksen en Bohemen tapast.

Yn stee fan de romtes tusken de ribben (of graten) fan in stjerferwulft mei bôge kappen ticht te mitseljen, wurde by in diamantferwulft dêr mei rjochte flakken pyramidefoarmige holtes oanbrocht. It resultaat is in ferwulft mei in soad tearen.

Foarbylden fan diamantferwulften binne te finen yn de Marijetsjerke fan Gdańsk, de Sint-Petruskapel fan Brandenburg an der Havel, it saneamde Göglhaus yn Krems an der Donau en de Albrachtsburg yn Meißen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Diamantferwulften fan Wikimedia Commons.