Springe nei ynhâld

Kleasterferwulft

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 aug 2023 om 11.15 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Side makke mei "thumb|''Kleasterferwulft yn de romaanske Trije-ienheidstsjerke fan St-Trinit, Frankryk'' It '''kleasterferwulft''' is in ferwulft dat ûnstiet as twa likense tonferwulften inoar yn in rjochte hoeke fan 90° snije. It ferwulft ûntstiet troch alle fjouwer muorren yn in bôgefoarm op te mitseljen nei in mienskiplik punt. In kleasterferwulft is yn feit in fjouwerkante koepel. Der binne fariaasjes mooglik troch...")
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kleasterferwulft yn de romaanske Trije-ienheidstsjerke fan St-Trinit, Frankryk

It kleasterferwulft is in ferwulft dat ûnstiet as twa likense tonferwulften inoar yn in rjochte hoeke fan 90° snije. It ferwulft ûntstiet troch alle fjouwer muorren yn in bôgefoarm op te mitseljen nei in mienskiplik punt. In kleasterferwulft is yn feit in fjouwerkante koepel.

Der binne fariaasjes mooglik troch bygelyks fjouwer likense tonferwulften yn in hoeke fan 45° meiïnoar te snijen. Dan ûnstiet der in achtsidich kleasterferwulft, lykas bygelyks yn de dom fan Aken.

It kleasterferwulft moat net betiizge wurde mei it krúsferwulft. Tusken de flakken fan in kleasterferwulft lizze foegen, wylst de kappen fan in krúsferwulft troch graten skieden wurde. It kleasterferwulft rêst op muorren en net lykas krúsferwulften op bôgen of pylders.

Ferskil kleasterferwulft mei in krúsferwulft

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: