Springe nei ynhâld

Strjitten yn De Fochtel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 jul 2023 om 23.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (defsort)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Strjitten yn De Fochtel:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Feanwei - rint nei it Fochtelerfean. It wie eartiids in sânreed en rûn doe, oars as no, lâns de pleats fan de famylje Bult. Dat is noch te sjen. No makket de wei op in bepaald momint in bocht nei links. Eartiids moast men rjochtsôf en kaam dan sawat út by de pleats fan Berend Jansen.
  • Ferlaat - skutslûs.
  • Fochtelerfean - nei it east fan De Fochtel lizzende fean.
  • Helomawei - Fan Heloma wie in aadlike famylje dy't hjir eigendommen hie. Kaptein Matthijs fan Heloma wie eigener fan ien fan de 14 soalsteden yn Appelskea (wie nr. 10). Fierders wiene der noch (yn 1778) Tjaard en Marcus fan Heloma eigeners fan pleats nr. 2. Net ien fan de fan Heloma's wenne yn Appelskea.
  • It West - rint nei it westen.
  • Noardein - rint fan it krúspunt nei it noarden.
  • Stienekamp - namme fan in kampke dat no in strjitte is.
  • Súdein - rint nei it suden. It Noarder- en Súdein waarden eartiids de Meente Drift neamd.
  • Vogelrijd - in natuerlike wetterlossing dy't ûntsprong op 'e feanen, tsjin de Leidyk stuite, dêr ûnder de grûn troch rûn en nei sawat in kertier rinnen fierderop wer foar it ljocht kaam en útrûn op it Grutdjip.