Springe nei ynhâld

Kebnekaise

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 mai 2023 om 17.43 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kebnekaise
  berch
geografy
lân Flagge fan Sweden Sweden
provinsje Norrbottens län
lânskip Lappland
gemeente Kiruna
berchtme Skandinavysk Heechlân
sifers
hichte b. seenivo 2.097 m
relative hichte 1.750 m
oar
1e beklimming 22 augustus 1883
1e beklimmer Charles Rabot
Pehr Abrahamsson
Hans Monsen

Kebnekaise is de heechste berch fan Sweden. De berch hat twa toppen, dêr't de súdlike fan op in hichte fan 2.097,5 meter boppe seenivo leit. De noardlike top leit 70 sintimeter leger op in hichte fan 2.096,8 meter. Om't allinnich op de súdlike top iis leit en de hoemannichte dêrfan stadichoan ôfnimt, kin it wêze dat de noardlike top yn de takomst de heechste wurdt.

It Kebnekaisemassyf makket diel út fan it Skandinavysk Heechlân en leit yn it Sweedske lânsdiel Norrland.