Springe nei ynhâld

Stasjon Rijswijk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 mai 2023 om 09.16 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stasjon Rijswijk
station Rijswijk
Stasjon Rijswijk yn 2005
Stasjon Rijswijk yn 2005
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Rijswijk
plak Rijswijk
adres Piramideplein 2
arsjitektuer
stasjonskoade Rsw
iepening 1965
boujier 1965 1e stasjonsgebou
1982 2e stasjonsgebou
sloopjier 1994 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1965
C. Douma
1e stasjonsgebou
1996
Th.J.B. Fikkers
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Alde line
tramline  17 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Rijswijk (De Haach)
Stasjon Rijswijk

Stasjon Rijswijk (Rsw) is in spoarweistasjon yn de stêd Rijswijk yn de provinsje Súd-Hollân en waard iepene yn 1965 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal).

1e stasjonsgebou stasjon Rijswijk yn 1966

It oarspronklike spoarweistasjon fan Rijswijk wie in leech rjochthoekige stasjonsgebou nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma en hie njonken de loketten ek romme ferwaarme wachtkeamers en in bewaakte fytsestalling. Ek wie in klokketoer oanwêzich. Boppe de perronnen kamen brede luifels. Beide perronnen wiene mei-inoar ferbûn fia in tunnel. It stasjon waard yn 1994 ôfbrútsen, om romte te meitsjen foar de spoarferdûbeling fan it spoarline Den Haag - Delft en in spoartunnel. Op 'e hichte fan Rijswijk is de ferdûbelle spoarline yn in ferdjippe, foar it grutste part tichte tunnelbak lein.

It yn 1994 sloopte stasjonsgebou waard yn 1996 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Theo Fikkers. It middenpart is in grutte glêzen piramide dy't in hal foarmet mei treppen en liften nei de spoortunnel ûnder it gebou. de piramide wurd omsluten troch in bakstienen gebou mei deryn de ferskate stasjonsfunksjes as loketten, winkeltsjes en in fytsestalling. Boppe de perrons sels komt in park mei fjouer lytsere piramiden fan glês dy't foar mear deiljocht yn de tunnel ûnder it park soargje yn it ferlingde fan it park binne noch ris fjouwer lytse piramiden boppe de tunnel boud.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSRijswijkDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSRijswijkDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: