Springe nei ynhâld

Ernst Langhout

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 mai 2023 om 18.40 troch Drewes (oerlis | bydragen)
Ernst Langhout
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ernst Langhout
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 maaie 1956
berteplak Aldtsjerk
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre Folk
Rock
sjongtaal Frysk & Ingelsk
grutste hit(s) Rûzjend Yn 'e Wyn
jierren aktyf Jierren 80 - No

Ernst Langhout (Aldtsjerk, 16 maaie 1956) is in Fryske muzikant. Hy is folksmuzikant, mar makke yn it begjin fan de 80-er jierren in útstapke nei de New Wave mei de band The Visitor.

Yn it midden fan de 70-er jierren lit Langhout foar it earst fan him hearre mei de akoestyske folkgroep Haggis dêr't hy mei toert yn Skotlân. Neidat Haggis yn 1978 opdoekt is, rjochtet Langhout de new wave band The Nighttime Visitor op dy't yn 1981 fierder giet as The Visitor, dêr't hy in tal platen mei makket.

As ein jierren 80 The Visitor opdoekt wurdt, leit Langhout him wer ta op folkmuzyk. Ut de tiid fan The Visitor binne lykwols wat kontakten oerbleaun út East Europa en hy sil dêr ferskate Fryske bands, wêrûnder Weekend at Waikiki oan optredens helpe. It duorret oant 1990 eart syn earste solo-album "Songs" mei in soad Keltyske ynfloeden, útkomt.

Nei ferskate optredens yn it bûtenlân komt yn 1992 ûnder de namme "The Eye Of The Cyclone" syn twadde folkalbum út.

Yn 1996 komt mei de groep Big Tree de cd "Handful Of Illusions út. In stylfolle moeting tusken metal en folk.

De gearwurking mei Big Tree yn kombinaasje mei de folkgroep The Hones leveret Ernst Langhout syn earste frysktalige cd "Nea Foar Altyd" op. De moaie Fryske bewurking fan Dylan's "All Along The Watchtower" falt dêrop op. Yn 1997 ferskynt Langhout syn twadde frysktalige cd, "Frysk & Frij".

Yn 1998 makket Langhout mei The Hones de cd "Parties, Battles And Tragedys", in miks fan folk- en rockmuzyk. Yn dat selde jier makket Langhout tegearre mei skriuwer en byldzjend keunstner Wilco Berga de cd "Sjonger en Dichter". Wilco Berga en Ernst Langhout hawwe ûnder deselfde namme ferskate optredens fersoarge, ûnder oaren op it Oerol Festival fan 1999.

Yn 2004 en 2005 ferskynden respektivelik Dylan yn it Frysk en Dylan yn in Frysk II. Op beide cd's spilet Langhout, mei Johan Keus, klassikers fan Bob Dylan, dy't foar it grutste part yn it Frysk oerset binne troch skriuwer/dichter Harmen Wind. Oan it ferskinen fan beide cd's waard in teatertoernee keppele.

Keppeling om utens