Springe nei ynhâld

De Singel (Achlum)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 apr 2023 om 08.51 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Ofbyld tafoege.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Doarpshûs De Singel

De Singel is it doarpshûs fan Achlum.

Doe't it doarpskafee yn 1999 ticht gie en it bygebou fan de grifformearde tsjerke yn 2002 ferkocht waard, hienen de ferienings gjin goed ûnderkommen mear. Nei in aksje en in soad wurk troch de Achlumers koe op 3 april 2004 'De Singel' iepene wurde. It doarpshûs draait hielendal op frijwilligers en in bestjoer. Yn it gebou is ek in kafee.

It Aktiviteiten Komitee Achlum (ACA) organisearret en koördinearret meastentiids de ledejûnen fan de ferienings.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]