ADO De Haach is in Nederlânske fuotbalklup út De Haach en is op 1 febrewaris1905 oprjochte. De klup komt foar it tredde jier efterinoar út yn de earedifyzje. Ado spilet syn thúswedstriden yn it Kyocera Stadion en sy spylje yn it grien en giel, de kleuren fan de stêd De Haach. ADO De Haach hie twa kear de earedifyzje wûn en twa kear de KNFB Beker. De klup is ferneamd om it Haachsk kertier, de lêste 15 minuten fan in wedstriid dêr't de oanhang de ploech ekstra yn oanmoediget.