Springe nei ynhâld

Aragon

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 apr 2023 om 00.16 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Bewurkings fan "Εὐθυμένης" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Drewes".)
Aragon
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Saragossa
Oerflakte 47.719
Befolking 1.308.563 (2016)
Befolkingstichtens 27 km²
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

Aragon (Spaansk: Aragón) is ien fan de 19 selsstannige Spaanske regio's, en bestiet sûnt 1982. De haadstêd is Saragossa.

Geografy

Aragon grinzet yn it noarden oan Frankryk en oan de Spaanske regio's Kataloanje, Falensia, Kastylje-La Mancha, Kastylje en León, La Rioga en Navarra. De noardlike grins mei Frankryk wurdt foarme troch de Pyreneeën. It sintrale part fan Aragon is frij flak, hjir streamt ek de rivier Ebro nei de Middellânske See.

Talen

Yn Aragon wurdt offisjeel mar ien taal sprutsen, it Spaansk. Yn de praktyk wurde der op lytsere skaal ek noch oare talen sprutsen. It Aragoneesk yn de berchfalleien fan it noarden en it Katalaansk yn in strook eastlik fan de regio, dat ek bekend stiet as La Franja. Beide talen wurde wetlik beskerme mar hawwe gjin offisjele status.

Bestjoerlike yndieling

Aragon is ûnderferparte yn trije provinsjes:

Provinsje Haadstêd
Huesca Huesca
Teruel Teruel
Zaragoza Zaragoza
autonome mienskippen fan Spanje Flagge fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla
· · Berjocht bewurkje