Springe nei ynhâld

Stasjon Horst-Sevenum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 apr 2023 om 17.38 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (ferkearde gemeente)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stasjon Horst-Sevenum
station Horst-Sevenum
Stasjon Horst-Sevenum yn 1978
Stasjon Horst-Sevenum yn 1978
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Horst oan de Maas
plak Hegelsom
adres Stationsstraat 149
arsjitektuer
stasjonskoade Hrt
type Trochgongsstasjon
iepening 1 oktober 1866
boujier 1864
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 22649
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Horst-Sevenum (Limburch)
Stasjon Horst-Sevenum

Stasjon Horst-Sevenum (Hrt) is in stasjon yn de Nederlânske doarp Hegelsom yn de gemeente Horst oan de Maas. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

It stasjonsgebou kaam yn 1864 ree, en waard iepene op 1 oktober 1866 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1870 is der oan beide kanten in koarte fleugel oanboud, yn 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegeneheid en bêd en brochje.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3500 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondHorst-SevenumVenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondHorst-SevenumVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
13500 Intercity (NS) Eindhoven SintraalHelmondHorst-SevenumVenlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: