Springe nei ynhâld

Earbetoan oan Foekje Dillema

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 apr 2023 om 19.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Earbetoan oan Foekje Dillema
keunstwurk
Earbetoan oan Foekje Dillema
Earbetoan oan Foekje Dillema
bysûnderheden
jier 2014
keunstner Ids Willemsma
materiaal waarfêst stiel
plak Ljouwert
lokaasje Sportpark Nijlân, Middelseeleane, atletykbaan Leonidas

It 'Earbetoan oan Foekje Dillema' is in keunstwurk yn Ljouwert dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

Ids Willemsma makke in abstrakte foarm fan de starthâlding fan in sprinter, yn dit gefal fan Foekje Dillema. De rjochterskonk stekt rjocht efterút, it lichem steunt op de bûgde linkerknibbel. Of krekt de skonken yn folle sprint op wei nei de einstreek, in strefte draaf. It metershege byld fan 3,5 ton stekt as in triomfbôge omheech yn it lânskip.

Ids Willemsma makke it byld neidat er hearde fan it ferstjerren fan Foekje Dillema (1926-2007). Ut begrutsjen om it ûnrjocht dat har oandien wie, fûn er as atleet en keunstner dat der in byld fan har komme moast.[1]

De skulptuer stie yn it earstoan in tal jierren foar Museum Belvédère yn It Oranjewâld. Yn 2018 naam de stêd Ljouwert it byld foar tsien jier yn brûklien. Yn Ljouwert krige it in plak by de atletykbaan fan Leonidas. Op dat steed begûn Foekje Dillema mei hurdrinnen by de destiidske atletykferiening Vitesse. Ids Willemsma hâlde yn 2018 by syn taspraak yn Ljouwert yn it selskip fan syn hûn dy't er de namme Foekje jûn hie. By de iepeningshanneling rûnen fjouwer atleten fan Lionitas de 200 meter oer gers, sa't wenst wie yn de tiid fan Dillema. It Easterbierrumer muzykkorps 'Ons Ideaal' soarge foar bypassende myzyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: