Springe nei ynhâld

Hamelen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 mrt 2023 om 03.11 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (grrrrrrrrrrrr)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hamelen
Hameln
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Leechsaksen
lânkring Hameln-Pyrmont
Sifers
Ynwennertal 57.276 (30-12-2020)
Oerflak 102,53 km²
Befolkingsticht. 599 /km²
Hichte 68 m
Oar
Postkoade 31785, 31787, 31789
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 6' NB, 9° 21' EL
Offisjele webside
http://www.hameln.de/
Kaart
Hamelen (Nedersaksen)
Hamelen
Kaart
Lizzing Hameln yn Hameln-Pyrmont

Hamelen (Dútsk: Hameln) is in stêd yn Dútslân yn de dielsteat Nedersaksen. Hamelen leit oan de rivier de Wezer (Weser) tichteby it Wezerberchlân. It is de Kreisstadt fan de lânkring Hameln-Pyrmont en ek in Große selbständige Stadt. Hamelen bestiet bestjoerlik út in kearnstêd en 13 stedsdielen.

It plak ûntstie by in yn 851 stifte benediktinenkleaster. Yn 1200 krige it stedsrjochten. Teffens wie it ien fan de Hânzestêden fan 1426 oant 1572. Yn de 16e iuw boazge de ekonomy fannijs oan. Ut dy tiid stamme in protte gebouwen yn de styl fan de Wezerrenêssânse, dy't no noch altyd mei it stedsbyld bepale.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd wol bombardearre, mar it grutste part fan de stêd bleau dochs geef. It befolkingstal gie rillegau omheech fan noch gjin 30.000 foar de oarloch oant hast 50.000 om 1950. In soad út Silezië ferdreaune Dútsers wiene dêr de oarsaak fan.

Yn de oarloch waard de finzenis fan Hamelen brûkt foar it fêsthâlden fan sosjaaldemokraten, kommunisten en oare politike finzenen. Sa'n 200 minsken stoaren dêr; mear noch yn april 1945, doe't de Nazys finzenen út bedrige kampen foar de Alliearden út dêr hinne brochten. Nei de oarloch brûkte it Britske besettingsleger de finzenis foar it fêsthâlden Dútser dy't beskuldige waard fan oarlochsmisdieden. Nei harren prosessen waarden sa'n 200 feroardielden yn de finzenis ophongen, ûnder oaren Irma Grese en Josef Kramer. De finzenis is hjoed de dei in hotel.

Jier Ynwennertal
1689 2.398
1825 5.326
1905 21.385
1939 32.000
1968 48.787
2005 58.872
2020 57.276

Hamelen is wrâldferneamd fan it mearke fan de rottefanger fan Hamelen. Hy besocht de stêd foar it earst yn op 26 juny 1284. Yn dat mearke (of sêge) wurde de bern fan de stêd ûntfierd troch in fluitspyljende rottefanger. De promoasje fan it toerisme hat dit mearke in wichtige rol yn.