Jasper Jaspers jr.
Jasper Jaspers jr. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 septimber 1855 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 2 jannewaris 1909 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûnderwizer |
Jasper Jaspers jr. (Amsterdam, 21 septimber 1855 - dêre, 2 jannewaris 1909) wie in Nederlânske ûnderwizer dy 't in wichtige rol spile hat by de opkomst fan de natuerstúdzje yn Nederlân oan it begjin fan de tweintichste iuw.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jaspers waard ûnderwizer, yn it bysûnder yn 'e plant- en dierkunde dy't er foar alle klassen fersoarge. Hy waard haad fan de skoalle yn Skoarl en letter - oant syn dea - haad fan de Iepenbiere Legere Skoalle nû. 60 yn Amsterdam.
Jaspers wijde in grut part fan syn libben oan syn passy, de leafde foar de natuer. Hy hearde, mei ûnder oaren Jac. P. Thijsse en Eli Heimans ta de ûnderwizers dy't kennis fan de natuer bybringe woe oan grutte groepen minsken, yn en bûten it ûnderwiis.
Jaspers publisearre in soad oer natuerhistoaryske ûnderwerpen, ûnder oare syn learboeken Natuurlijke historie in de lagere school (1893) en Het rijke leven. Natuurhistorisch leesboek voor de hoogere klassen der volksschool (1895). Dêrneist skreau er yn De Levende Natuur, wêrfan't er mei-oprjochter en fjouwer jier meiredakteur wie, en wie er mei-auteur fan Het strandboekje (1913), yn 'e mande mei Han Heinsius.
Jaspers wie bestjoerslid fan de ôfdieling Amsterdam fan de Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en boppedat lid fan it haadbestjoer fan dy feriening, mei funksjes as redakteur en konservator. Teffens wied er bestjoerslid fan de Vereniging Natuurmonumenten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|