Jada Fire
Jada Fire | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Jada Fyre, Jada Fires | |
echte namme | Tenisha Roberta Myles | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 septimber 1976 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise escort | |
jierren aktyf | 1998 – 2012 | |
offisjele webside | ||
www.jadafirexposed.com |
Jada Fire, echte namme Tenisha Roberta Myles (Los Angeles, 1 septimber 1976), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise en prostituee fan Afro-Amerikaansk komôf, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Jada Fyre of Jada Fires.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jada Fire waard berne en groeide op yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en kaam foar it earst mei de pornoyndustry yn kontakt troch har wurk by in tillefoanseksline. Hoewol't se yn 1998 al meispile yn har earste pornofilm, sette se pas yn 2003 útein mei in serieuze karriêre as pornoaktrise.
Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk mei har rol fan "Condi" (in parody op 'e doetiidske Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Condoleezza Rice), yn 'e Hustler-produksje Who's Nailin' Paylin? (mei Lisa Ann as Serra Paylin, in parody op 'e doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin). Op 11 jannewaris 2011 hie se in koart kaméoroltsje yn 'e ôflevering Punching Water fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Southland, as de freondinne fan in bindelid dy't by in hûssiking troch de plysje wekker makke wurdt. Op 2 febrewaris 2012 kundige se oan dat se de pornoyndustry de rêch ta keare soe. Tsjin dy tiid hie se yn teminsten 382 pornografyske films spile.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2005 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Katja Kassin, Rio Mariah en Mark Davis) | Sex Shooter V |
2007 | AVN Award | wûn | bêste anale sekssêne | Manhunters |
2009 | Urban X Award | wûn | bêste anale artyste | n.f.t. |
2010 | XRCO Award | takend | lidmaatskip XRCO Hall of Fame | n.f.t. |
2011 | AVN Award | takend | lidmaatskip AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Urban X Award | wûn | bêste anale artyste | n.f.t. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Jada Fire
- (in) Biografy fan Jada Fire yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Jada Fire yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |