Springe nei ynhâld

Theodora Kracaw Kroeber

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 feb 2023 om 00.38 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Theodora Kracaw Kroeber
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Theodora Kracaw Kroeber
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 maart 1897
berteplak Denver (Kolorado)
stoarn 4 july 1979
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (antropology, biografyen)
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Ishi: The Last of His Tribe
Alfred Kroeber: A Personal
   Configuration
jierren aktyf 19591979
offisjele webside
n.f.t.

Theodora Kracaw Kroeber (berne as: Theodora Kracaw; Denver, 24 maart 18974 july 1979), wie in Amerikaansk antropologe, etnologe en publisiste, dy't it bekendst wurden is troch har ferhalen oer Ishi, it lêste oerlibjende lid fan 'e Jahy-stamme fan Kalifornje. Dêrnjonken wie hja ferantwurdlik foar it fêstlizzen fan 'e mûnlinge oerlevering fan ferskate lânseigen Kalifornyske kultueren. Hja wie de frou fan 'e foaroansteande antropolooch Alfred L. Kroeber en de mem fan 'e ferneamde science fiction- en fantasyskriuwster Ursula K. (Kroeber) Le Guin.

Theodora Kracaw waard yn 1897 berne yn Denver, yn 'e steat Kolorado, as de dochter fan Charles Emmett Kracaw en dy syn frou Phebe Jane Johnston. Se ferfear nei Kalifornje, dêr't studearre oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley, yn Berkeley, ûnder de reek fan San Fransisko. Yn 1920 behelle se in masterstitel yn klinyske psychology.

Nei it ferstjerren fan har earste man, Clifton Brown, yn 1923, learde se fierder foar antropologe, wêrby't se de kolleezjes folge fan Alfred L. Kroeber, dy't oan Berkeley heechlearaar antropology wie. Hja rekken fereale opinoar en yn 1926 trouden se. Kroeber naam Ted en Clifton, Theodora har soannen út har earste houlik, oan, en de jonges krigen syn efternamme. Mei Kroeber krige Theodora noch twa bern: de heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde en literêr kritikus Karl Kroeber, en de ferneamde science fiction- en fantasyskriuwster Ursula K. Le Guin.

Kroeber wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e antropology, en hy behelle geregeldwei syn frou yn syn wurk. Sa rekke Theodora Kroeber û.o. belutsen by Ishi, fan wa't beweard waard dat er de lêste oerbleaune Jahy (Yahi) wie, dy't it slachtoffer wurde wiene fan opsetlike útrûging troch blanke kolonisten. Nije ynformaasje makket it lykwols oannimlik dat Ishi fan mingd etnysk komôf west hawwe kin, mei in heit dy't mooglik ta de Wintû, Maidû of Nomlaky hearde. Theodora Kroeber skreau in bekende biografy fan Ishi, mei as titel Ishi in Two Worlds. Tsien jier nei Kroeber syn ferstjerren, yn 1960, skreau hja ek in biografy fan him, mei as titel Alfred Kroeber: A Personal Configuration. Theodora Kroeber ferstoar yn 1979, yn 'e âlderdom fan 82 jier.

  • 1959 – The Inland Whale
  • 1961 – Ishi in Two Worlds
  • 1964 – Ishi: The Last of His Tribe
  • 1968 – Almost Ancestors: The First Californians (mei Robert F. Heizer)
  • 1970 – Alfred Kroeber: A Personal Configuration
  • 1976 – Drawn from Life: California Indians in Pen and Brush (mei Robert F. Heizer en Albert B. Elsasser)
  • 1979 – Ishi, the Last Yahi: A Documentary History (mei Robert F. Heizer)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.