Springe nei ynhâld

Sylvana Simons

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 jan 2023 om 19.06 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Moat by de tiid brocht wurde)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Sylvana Simons
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Simons (2016)
Simons (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Silvana Hildegard Simons
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 jannewaris 1971
berteplak Paramaribo (Suriname)
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, politika, publisiste
medium tillefyzje, radio
wurksum by TMF, SBS, RTL, NPS
bekend fan Sexquiz on the Beach
TV Makelaar
Dancing with the Stars
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
http://www.imdb.com/name/nm1484273/
Sylvana Simons stelt harsels foar.

Sylvana Simons (folút: Silvana Hildegard Simons (Silvana mei in i)[1] (Paramaribo, 31 jannewaris 1971) is in Nederlânsk earder telefyzje- en radiopresintatrise. Se is partijlieder fan BIJ 1 en út namme fan dy partij Twadde Keamerlid. It is in ienpersoansfraksje, dat se is ek fraksjefoarsitter.

Simons waard opbrocht yn Hoarn, folge de ballet-akademy fan Lucia Marthas en die de kappersskoalle.[2]

Telefyzje (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simons sette út ein as dûnser by sjonger CB Milton en gie yn 1995 oan 't wurk as fideojockey by TMF. Yn 1999 gie se oan 'e gong foar SBS 6 en waard presintatrise fan De Bus en de Sexquiz on the Beach.

Yn 2000 stapte se oer nei RTL 4. Dêr presintearre hja de folgjende telefyzjeprogramma's:

  • RTL Live (2000-2001)
  • TV Makelaar (2001-2004)
  • Met Man En Macht (2001)
  • De 50 beste van RTL 4 (2002)
  • Je Echte Leeftijd (2003)
  • Kaft (2004)
  • Bekend & Bekeken (2005)
  • De Aanhouder Wint Italic text(2005-2006)
  • Dancing with the Stars (2005-2007)

* Hoe Mooi Is Jouw Straat? (2006)

  • Opvolger Gezocht (2006)
  • Staatsloterij presenteert: Inpakken & Wegdromen (2006)
  • Char, het medium (2007-2009)
  • RTL Boulevard (2008)
  • Nederland Vertrekt (2008)

Nei't Char fan de buis helle waard, krige Sylvana gjin nije programma's mear by RTL. Dêrnei makke sy twa programma's foar de NPS:

  • Sylvana's Choice (2009-2010)
  • Sylvana (2010)

Fan 2012 ôf oan is se út en troch te sjen as tafeldame by De Wereld Draait Door.

Foar Radio 538 presintearre se fan 1999 oant 2001 in praatprogramma op sneinemiddeis en fan 2001 oant 2003 wie se eltse freedtejûn te hearren op Noordzee FM mei de programma's Sylvana en Sylvana’s Soul. Yn 2009 en 2010 presintearre se alle wurkdagen fan 14.00 oant 16.00 oere it radioprogramma Sylvana's Choice foar de NPS op Radio 6. It programma waard op 'en nij mei begûn yn 2015, mar stoppe doe't yn 2016 NPO Radio 6 opheft waard.
Fan febrewaris itselde jier ôf presintearre Sylvana in programma foar Sublime FM.

Yn 1999 is Simons fêste kollumniste foar it blêd Playboy. Fan 2000 oant 2002 skreau hja alle wiken in kollumn yn Veronica Magazine. Yn 2004 ferskynde har earste boek 1 + 1 = 7 by the House of Books, yn 2005 folge troch it In Balans, dat sy tegearre mei har broer Kenneth Leeuwin (fitness-ynstrukteur en architekt fan ferkate work-outs) skreau.

Simoms die mei oan de teäteromgong LULverhalen, mar meidat guonts út it publyk by har earste optreden de seal útrûne doe't se Swarte Pyt op it aljemint brocht, bleau it by ien kear.[3]

Op 18 maaie 2016 makke Simons bekend dat se de polityk yn wol en dat se har oanslute sil by de politike partij Denk. Dêrfoar hie se al faak har betinken oer rasisme, diskriminaasje en ksenofoby yn de media jûn. Simons liet ek witte dat se tsjin Swarte Pyt wie.

Dêrnei folgen tûzenen reaksjes, wêr't in soad rasistyske en seksistyske by wiene. Simons die oanjefte by de plysje en it Iepenbier Ministearje ûndersocht de slimste misledichjende reäksjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stambeam Amba Leeuwin - Sylvana Simons, Verre Verwanten, rieplachte op 20 jannewaris 2012
  2. Wie is Sylvana Simons? RTL
  3. Geen LULverhalen meer voor Sylvana Simons na pietenbetoog Algemeen Dagblad, 15 oktober 2015