Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn
Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn Koninklijke Nederlandse Voetbalbond | ||||
algemiene ynformaasje | ||||
ôfkoarting | KNVB | |||
sport | Fuotbal | |||
regio | Jeropa | |||
haadkantoor | Seist | |||
foarsitter | Just Spee | |||
sekretaris-generaal | Gijs de Jong | |||
oprjochte | 1889 | |||
wrâldbûn | FIFA | |||
kontinintale bûn | UEFA | |||
olympysk komitee | NOC-NSF | |||
offisjele webside | ||||
knvb.nl | ||||
|
It Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn (Nederlânsk: Koninklijke Nederlandse Voetbalbond, ôfkoarte ta KNVB) is de organisaasje dy’t yn Nederlân de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. Ek fersoarget it bûn de wedstriden fan it Nederlânske alvetal. Fierder ûntwikkelet en organisearret it de bedriuwstak fuotbal. It KNFB partisipearret ek yn maatskiplike projekten. De KNFB waard yn 1904 lid fan de FIFA en yn 1954 fan de UEFA
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nederlandschen Voetbal- en Athletischen Bond, sa't de oarspronklike namme wie, is yn 1898 oprjochte. It bûn hie har sels as doel steld om it fuotbalspul en de atletyske sporten yn Nederlân te befoarderjen en better bekend te meitsjen. Inisjatyfnimmer wie Pim Mulier, de stifter fan de Haarlimske Fuotbalklub en ynspirator foar de earste offisjele Alvestêdetocht.
By de oprjochting wienen tsien fuotbalklubs belutsen:
- Rotterdamsche Cricket- en Football-Club "Concordia"
- Delftsche F.C.,
- Haarlemsche F.C.
- Haarlemsche F.C. "Excelsior"
- Haagsche Voetbal-Vereniging,
- Rotterdamsche Cricket- en Football-Club "Olympia"
- Fuotbalferiening Rotterdam
- Amsterdamsche Sportclub
- Amsterdamsche F.C. "R.A.P."
- Fuotbal-Feriening "Amsterdam"
Al by de oprjochting fan it bûn ûntstie diskusje oer it yn it bûn opnimmen fan de atletyk. Dit hie de foarkar fan Pim Mulier, dy’t sels in protte oan atletyk-sporten die. Yn 1895 waard by in algemiene gearkomst besluten, dat de atletyk net langer ûnderdiel fan it bûn útmeitsje soe. De namme fan it bûn waard wizige yn Nederlandse Voetbalbond (NVB). It bûn krige it predikaat Keninklik mei it 40-jierrich bestean yn 1929, wêrnei't de namme feroare waard yn Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn.
Kompetysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it betelle fuotbal organisearret it KNFB in ferskaat oan kompetysjes en toernoaien. Dit binne de:
- Earedifyzje (it heechste fuotbalnivo yn Nederlân)
- Earste Difyzje (it twadde fuotbalnivo yn Nederlân)
- KNVB-beker
- Johan Cruijff Skaal
Nederlânske alvetal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It KNFB fersoarget ek alle wedstriden fan it Nederlânske alvetal. Ek de nasjonale jeugd- en amateurploegen falle hjirûnder. De bûnstrener is yn tsjinst fan it KNFB. De spilers foar de nasjonale alvetallen wurde troch it KNFB útnûge.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadkantoar fan it KNFB stiet yn Zeist. Tusken 1993 en 2008 hat Jeu Sprengers, oant syn dea yn april fan dat jier, de foarsitter fan de bûn west. Op 27 augustus 2008 waard Michael van Praag keazen as nije foarsitter fan de bûn. Oare bekende nammen fan de KNVB binne bygelyks Henk Kesler, dy’t direkteur betelle fuotbal is en Harry Been, de sekretaris-generaal.
Neist de neamde profesjonele kompetysjes organisearret it KNFB (fan it kantoar fan West I Amsterdam út) de haadklassen en de lanlike kompetysjes fan it frouljusfuotbal en it sealfuotbal. De kompetysjes dy’t hjirûnder op in leger nivo plakfine wurde troch de regionale bûnen organisearre, lykas de distriktsbeker.
It KNFB is yn de ûndersteande plakken fêstige mei foar eltse krite in haadkantoar:
- KNFB: Seist (haadkantoar)
- KNFB Noard: It Hearrenfean (yn it Abe Lenstra Stadion)
- KNFB East: Dimter
- KNFB West I: Amsterdam
- KNFB West II: Rotterdam
- KNFB Súd I: Breda
- KNFB Súd II: Nieuwstadt
Foarsitters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Amtsperioade | Opm. |
---|---|---|
Pim Mulier | 1889-1892 | |
Pieter Droogleever Fortuyn | 1892-1893 | |
W. Prange | 1893-1894 | |
F.H. van Leeuwen | 1894-1897 | |
Pim Mulier | 1897 | 2de perioade, mooglik as ynterim foarsitter |
Jasper Warner | 1897-1919 | |
Jan Willem Kips | 1919-1930 | |
Dirk van Prooije | 1930-1942 | Ferstoar yn 1942 |
Karel Lotsy | 1942-1953 | |
Hans Hopster | 1953-1957 | |
Toon Schröder | 1957-1966 | |
Wim Meuleman | 1966-1980 | |
Jo van Marle | 1981-1993 | |
Jeu Sprengers | 1993-2008 | |
Michael van Praag | 2008-2019 | |
Just Spee | 2019-hjoed de dei |