Springe nei ynhâld

Nanook of the North

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 nov 2022 om 00.20 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nanook of the North
De folsleine film
Allakariallak

Nanook of the North: A Story of Life and Love in the Actual Arctic ("Nanook fan it Noarden: in Ferhaal fan Libben en Leafde yn it Eigentlike Poalgebiet") is in Amerikaanske stomme dokumintêrefilm út 1922, regissearre, makke en skreaun troch Robert J. Flaherty. De film wurdt sjoen as de earste dokumintêrefilm ea makke, en is it meast ferneamde wurk fan Flaherty. Yn 1989 waard de film opnomd yn it Nasjonaal Filmregister as “kultureel en histoarysk wichtich”.

De film folget it libben fan de Inuit Nanook, wiere namme, Allakariallak, 'Wite Bear', (? - † 1924), syn frou Nyla, en harren bern. Harren deistich libben en hurde bestean oan de poalsirkel wurdt sjen litten. In protte tradisjonele parten fan it Inuitbestean, sa as de jacht, it omgean mei de slidehûnen en kayaks en it bouwen fan iglo's komme oan bar.

  • Allakariallak – Nanook
  • Nyla – harsels (Nanook syn wiif)
  • Cunayou – harsels
  • Allee – himsels (Nanook syn soan)
Nyla, frou fan Nanook

De film waard opnaam by Inukjuak, yn de Hudsonbaai, Quebec, Kanada. Flaherty wie bekend mei dit terrein fanwege syn pionierswurk foar in spoarmaatskippij. De film waard sponsere troch it Frânske moadebedriuw Revillon Frères. Opnames waarden makke fan augustus 1920 oant augustus 1921.

De film waard in grut súkses, fral omdat it oars wie as dat men wend wie. It wie de earste lange film opnaam op lokaasje dêr't it wiere libben fan in beskaat folk yn te sjen wie, ynstee fan in ferhaal troch akteurs spile. Efternei die bliken dat de film dochs net folslein realistysk wie. Flaherty hie guon saken yn sêne sette litten. Sa hienen de Inuit op it stuit fan de opnames al gewearen foar de jacht, mar Flaherty trúne harren oan om foar de film wer te jeien lykas harren foarâlden dat koart yn 't foaren noch dienen. Ek waarden de gefaren dêr't de Inuit yn de film yn ferkeare soenen wat oerdreaun. Dat kaam Flaherty op krityk te stean fan guon filmresinsinten, mar yn it generaal makke men har dêr net al te drok oer, omdat doetiids wol faker dingen foar dokumintêres neispile waarden. Dat hie mei te krijen mei de beheinde mooglikheden fan it filmjen mei de doetiidske mânske kamera's.[1] Flaherty ferdigene syn hanneljen fierders mei de stelling dat sels in dokumintêremakker der net oan ûntkomt om út en troch in barren yn sêne te setten om de geast fan it ûnderwerp goed fetsje te kinnen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Ingelsktalige Wikipedia
  • De Nederlânsktalige Wikipedia
  1. Richard Leacock Essay (Flaherty's kameraman yn de 1940er jierren en letter MIT professor fan film stúdzjes); [1]