Guggenheim Museum (New York)
It Guggenheim Museum yn New York, offisjeel it Solomon R. Guggenheim Museum, op 5th Avenue yn New York City is ien fan de fiif Guggenheim-museä oer de hiele wrâld neist Guggenheim Hermitage Museum yn Las Vegas, it Museo Guggenheim yn Bilbao, Deutsche Guggenheim yn Berlyn en de Peggy Guggenheim Collection yn Feneesje. It Guggenheim Museum yn New York waard oprjochte yn 1937.
De museä meitsje allegear diel út fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.
It is in museum foar moderne keunst mei benammen skilderkeunst fan de 20e iuw en ien fan de wichtichste musea foar moderne keunst.
It oarspronklike gebou is in museumstik op himsels troch syn bysûndere foarmjouwing. De tentoanstellingsromte bestiet út in spiraalfoarm, dy't him ek bûten manifestearret. De keunstwurken wurde tentoansteld lâns in spiraalfoarmich ferrinnende helling dy't it hiele gebou trochgiet. It sintrale diel fan de romte, dy't oer alle ferdjippings, foar safier't der hjir fan ferdjippings sprutsen wurde kin, trochrint, is ôfdekt troch in grutte ljochtkoepel. It is ûntwurpen troch de Amerikaanske arsjitekt Frank Lloyd Wright yn gearwurking mei Hilla von Rebay fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.
It Guggenheim Museum begûn as museum foar de priveekolleksje fan Solomon R. Guggenheim. Yn 1956 waard mei de bou begûn en op 21 oktober 1959 gie it museum yn New York iepen. Wright ferstoar in heal jier foar de iepening. Yn 1992 kaam ín útwreiding klear en waard de museumromte ferdûbele mei in tsjien ferdjippings hege toer, wat al troch Wright foarsjoen waard yn syn plannen. Arsjitekt fan de útwreiding wie Gwatthmey Siegel & Associates. Yn 2006 en 2007 waard it gebou oan de bûtenkant folslein restaurearre.
De keunstwurken dy't hjir tentoansteld wurde fariearje fan Moderne keunst, sawol Europeesk en Amerikaansk (pop-art) oant renomearre artysten as Picasso. De spiraalfoarmige galerij wurdt brûkt foar wikseltentoanstellings; yn it fjouwerkante diel fan it museum wurdt mar in diel fan de fêste kolleksje, wêrûnder de Thannhauser-kolleksje, toand. De permaninte kolleksje wurdt fierder toand yn de fiif oare Guggenheim-museums en jouwe in goed oersjoch fan de plastyske keunst yn de 20e iuw.
Inkele wurken binne:
- Parys, út it finster wei sjoen - Marc Chagall
- Giele Ko - Franz Marc
- Neaken - Amedeo Modigliani
- Blûne Frou - Picasso
- Strikende Frou - Picasso
- Foar de Spegel - Edouard Manet
- Frou mei Faas - Fernand Léger
- Zwarte Linen - Wassily Kandinsky
- De Skriemende Krokkedil - Karel Appel
Keunststreamingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Guggenheim Museum binne benammen keunstwurken fan de streamingen fan de Moderne Keunst en Hjoeddeiske keunst te sjen lykas:
- Postympresjonisme
- Modernisme
- Ekspresjonisme
- Dadaïsme
- Neoplastisisme
- Surrealisme
- Abstrakt ekspressjonisme
- Neokonseptualisme
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Solomon R. Guggenheim Museum fan Wikimedia Commons. |