Springe nei ynhâld

Peshawbestown (Michigan)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 nov 2022 om 22.10 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Kaart yn ynfoboks set; yn ferbân dêrmei foto-yndieling oars, red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Peshawbestown
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Leelanau County
Township Suttons Bay Township
Sifers
Ynwennertal 200 (1984)
Oerflak 5,1 ha
Befolkingsticht. 39,2 / ha
Hichte 186 m
Oar
Stifting ±1850
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 45°01′27″N 85°36′03″W
Kaart
Peshawbestown (Michigan)
Peshawbestown
De lizzing fan Peshawbestown yn Michigan.

Peshawbestown is in doarp yn it plattelânsdistrikt Suttons Bay Township, yn Leelanau County, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit yn it noardwesten fan Neder-Michigan, sa'n 16 km besuden it gruttere doarp Northport, en likernôch 32 km noardlik fan 'e stêd Traverse City. Peshawbestown leit op it Leelanau-skiereilân, oan 'e westkust fan 'e Grand Traversebaai, in wetter dat ta de gruttere Michiganmar heart. Neffens gegevens út 1984 hie it doarp doe likernôch 200 ynwenners.

Peshawbestown, dat yn histoaryske dokuminten ek wol (mis)stavere wurdt as 'Peshabetown', 'Peshabatown', 'Pshawbatown' en 'Preshabetown', begûn omtrint 1850 as in roomske missypost foar de lânseigen Odjibwe- en Ottawa-Yndianen. Ien boarne, in artikel út 'e Detroit Free Press, fan 12 febrewaris 1911, wol hawwe dat de missypost yn 1849 stifte waard troch de roomske preester Ignatius Mrak.

De histoaryske Kateri Tekawitha Catholic Church.

Neffens de Katolike Ensyklopedy wie Mrak lykwols fan 1849 oant 1852 wurksum yn 'e omkriten fan Harbor Springs, oan 'e Little Traversebaai. Histoarikus Walter Romig skreau yn 1986 yn syn Michigan Place Names dat Peshawbestown yn 1852 stifte wie troch Mrak en de predikant Angelus van Praemel, en dat de delsetting yn 't earstoan 'Eaglestown' neamd waard, oant Mrak syn opfolger Philip Zorn it omneamde ta de hjoeddeistige namme, nei it doe regearjende opperhaad Peshaba.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynwenners fan Peshawbestown wiene yn 1984 frijwol allegear fan Yndiaansk komôf en leden fan 'e etnyske groepen fan 'e Odjibwe en de Ottawa. It doarp hat in oerflak fan 5,1 ha (12,5 acres), en leit yn it Grand Traverse Yndianereservaat fan 'e Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan.

De lokale ekonomy driuwt benammen op 'e koark fan it toerisme, en de grutste wurkjouwer is it pleatslike Leelanau Sands Casino, dat eigendom is fan 'e Grand Traverse Troep. Ek it haadkantoar fan 'e stamme is yn Peshawbestown fêstige. Oare besjensweardichheden binne de histoaryske houtene Kateri Tekawitha Catholic Church (de pleatslike roomske tsjerke) en de jierlikse pow-wow dy't de Grand Traverse Troep yn augustus yn Peshawbestown hâldt, mei Yndiaanske iterij, keunst, sporten en dûnsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.