Springe nei ynhâld

Grutte Kremlyn Paleis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 sep 2022 om 15.26 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grutte Kremlyn Paleis

Большой Кремлёвский дворец

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
bysûnderheden
type bouwurk Paleis
boujier 1837-1849
arsjitekt Konstantin Thon
offisjele webside
Museum Kremlyn fan Moskou

It Grutte Kremlyn Paleis (Russysk: Большой Кремлёвский дворец) yn it kremlyn fan de Russyske haadstêd Moskou waard fan 1837 oant 1849 yn opdracht fan tsaar Nikolaas I neffens in ûntwerp fan Konstantyn Thon boud, de arsjitekt dy't ek de wapenkeamer yn it kremlyn en de Katedraal fan Kristus de Ferlosser krekt bûten it kremlyn bouwe liet. Oarspronklik tsjinne it gebou as de Moskouske haadresidinsje fan de tsaren as hja yn Moskou wiene; tsjintwurdich tsjinnet it gebou as ien fan de presidensjele residinsjes fan de Russyske federaasje, mar de presidint wennet der net.

It Winterpaleis mei de Tsjerke fan Jehannes de Doper (1839) dy't plak meitsje moasten foar it nije paleis fan Thonyoutube

It paleis fan Konstantyn Thon ferfong in âlder barok paleis op itselde plak, dat troch Rastrelli ûntwurpen wie. Ek de Tsjerke fan Jehannes de Doper, dy't in ûntwerp fan Aloiso de Nije wie en ea op it plak fan de alderearste tsjerke yn Moskou boud waard, moast foar it nije paleis ôfbrutsen wurde.

Thon's paleis is 125 meter lang, 47 meter heech en hat mei-inoar in oerflak fan likernôch 25.000 m². It âldere Terempaleis, it Fasettenpaleis en noch ris njoggen tsjerken út de 14e, 16e en 17e iuw (dêrûnder de Bertetsjerke fan de Hillige Jongfaam út 1393, it âldste noch besteande gebou fan Moskou) binne yn it gebou fan Thon yntegrearre. It gebou telt mear as 700 keamers.

De gebouwen fan it paleis foarmje in rjochthoekich oerflak mei in binnenhôf. Op de binnenhôf stie oant de sloop op lêst fan Jozef Stalin yn 1933 ien fan de âldste tsjerken fan Moskou, de Ferlosserkatedraal yn it Wâld.

De twadde ferdjipping hat twa rigen finsters, wêrtroch't it liket oft it gebou trije ferdjippings hat yn stee fan twa. It westlike diel fan it paleis wie ornearre foar de keizerlike famylje en de sealen foar de ûntfangst fan gasten. De fiif grutte ûntfangstsealen binne ferneamd nei oarders fan it Russyske Keizerryk. De Seal fan de Jorisoarder (Georgjevsky-seal) wurdt brûkt foar steatsbesites en offisjele seremoanjes. Ynternasjonale ferdraggen wurde tekene yn de Vladimirsky-seal, dy't in ferbining foarmet mei it Fasettenpaleis. De Aleksandrovsky-seal en de Andrejev-seal wiene yn de Sovjettiid gearfoege en tsjinnen doe foar partijkongressen en de gearkomsten fan de Heechste Sovjet, mar binne yn de jierren 1990 neffens Thons ûntwerp rekonstruearre. De relatyf lytse Jekaterininsky-seal is ferneamd nei de troch Peter I stifte Oarder fan Katarina, de iennige oarder mei in frouljusnamme.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grutte Kremlyn Paleis fan Wikimedia Commons.