Hans van der Horst
Appearance
Johannes Hendrik Willem van der Horst, meast Hans van der Horst, (Amsterdam, 1941), is in byldzjend keunstner út Ljouwert.
Hy makket benammen tekeningen, grafyk en skilderijen. Underwerpen binne meast portretten, stedsgesichten en ynterieurs mei dêryn har ferfjemdzjende persoanen of foarwerpen. Net sûnder humor en grimmitigens byldet er de sfear fan de belle-epoque en gay-twenties, yn it earstoan yn spontane, letter yn mear glêde figurative trant.
Van der Horst krige yn 1971 de earste priis fan it Willink van Colllumfûns fan Arti et Amicitiae. Publisearre yn 1971 it Album Ljouwert anno 1600 yn 48 gesichten. Wurk fan him waard oankocht troch de provinsje Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|