King Diamond
King Diamond | ||
sjonger en/of muzikant | ||
King Diamond yn 2013 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kim Bendix Petersen | |
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 14 juny 1956 | |
berteplak | Keappenhaven | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1974-no |
- Net te betiizjen mei King Diamond (band), in yn 1985 oprjochten Deenske Black Metalband.
King Diamond, berne as Kim Bendix Petersen (Keappenhaven, 14 juny 1956) is in Deensk Sjonger. Diamond is foaral bekend as sjonger en oprjochter fan de Deenske bands Mercyful Fate en King Diamond. As sjonger stiet er bekend om syn krêftige en brede sjongstim, benammen syn fierrikkende falsetto-screams. Hy spilet ek toetsen en gitaar by de studio-opnamen, mar by de liveshows konsintrearre hy him allinnich op it sjongen.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]King Diamond begûn yn 1974 by in Deenske rock om yn 1976 oer te stappen nei de hardrock band Black Rose. By dizze band begûn er syn alter ego King Diamond te ûntwikkeljen. Nei Black Rose spile er noch in skoftke by in punk band Brats om dêrnei mei in pear âlde band freonen yn 1981 de black metalband Mercyful Fate op te rjochtsjen.
Mercyful Fate
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1981, King Diamond foarme Mercyful Fate mei gitarist Hank Shermann en bassist Timi Hansen en drummer Kim Ruzz yn Keappenhaven, Denemarken. Yn 1985 giene hja útinoar fanwegen muzikale mieningsferskillen, mar makken yn 1992 in trochstart. Hy hat mei dizze band sân studio-albums útbrocht.
King Diamond
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it stoppen fan Mercyful Fate begûn Diamond yn 1985 in nije black metal band ûnder syn eigen artystenamme. Sûnt it op 'e nij oprjochtsjen fan Mercyful Fate besteane de bands njonken inoar. Mei King Diamond hat King Diamond tolve studio-albums útbrocht.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Diamond is troud mei Livia Zita, in yn Hongarije berne sjongeres. Yn 2017 waarden se âlden fan in soan.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Melissa | 30 oktober 1983 | Mercyful Fate | Black Funeral/Black Masses |
Don't Break the Oath | 7 septimber 1984 | ||
Fatal Portrait | 17 febrewaris 1986 | King Diamond | |
Abigail | 21 oktober 1987 | The Family Ghost | |
"Them" | 13 septimber 1988 | Tea, Welcome Home | |
Conspiracy | 21 augustus 1989 | ||
The Eye | 30 oktober 1990 | Eye of the Witch | |
In the Shadows | 22 juny 1993 | Mercyful Fate | Egypt |
Time | 25 septimber 1994 | ||
The Spider's Lullabye | 6 juny 1995 | King Diamond | |
Into the Unknown | 20 augustus 1996 | Mercyful Fate | |
The Graveyard | 1 oktober 1996 | King Diamond | |
Voodoo | 24 febrewaris 1998 | ||
Dead Again | 9 juny 1998 | Mercyful Fate | |
9 | 15 maaie 1999 | ||
House of God | 20 juny 2000 | King Diamond | |
Abigail II: The Revenge | 29 jannewaris 2002 | ||
The Puppet Master | 21 oktober 2003 | ||
Give Me Your Soul... Please | 26 juny 2007 |
As gastmuzikant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Necronemesis | Necronemesis | 2000 | Usurper |
Stone of Destiny (...for Magh Slecht and Ard Righ) | Tara | 2001 | Absu |
Sweet Dreams | Probot | 2004 | Probot |
Devil Woman | Nymphetamine | 2005 | Cradle of Filth |
Radio Spot | World Circus (werútjefte) | 2007 | Toxik |
Room 24 | Outlaw Gentlemen & Shady Ladies | 2013 | Volbeat |
Venerate Me | Hammer of Dawn | 2022 | HammerFall |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|