Springe nei ynhâld

Safarypark

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 aug 2022 om 22.52 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sjiraffen om in auto mei besikers hinne yn it Safaripark Beekse Bergen.

In safarypark is in dieretún dêr't besikers yn har eigen auto trochhinne ride kinne, of oars yn in oar ferfiermiddel, lykas in toerbus, wylst de eksoatyske bisten yn relative frijheid omrinne. Besikers kinne yn sokke parken fan tichteby de bisten besjen yn in om-en-by dat har natuerlike habitat sa deun as mar mooglik is benei komt. De frijheid fan 'e bisten is net folslein om't se yn it foarste plak yn it park finzen holden wurde en om't teffens de karnivoaren faninoar en de herbivoaren skaat wurde om it opiten fan 'e feesteapel foar te kommen.

It earste safarypark, yn 'e sin fan in dieretún dêr't de eksoatyske bisten min ofte mear frij omrûnen, wie it Longleat Safari Park, dat yn 1966 iepen gie yn it Ingelske greefskip Wiltshire, op it lângoed fan 'e wat eksintrike ealman Alexander Thynn, 7e markys fan Bath (1932-2020). It idee dêrfoar kaam fan Jimmy Chipperfield (1912-1990), earder ien fan 'e direkteurs fan it Chipperfield's Circus, ien fan 'e âldste sirkussen yn it Feriene Keninkryk. It iennichste safarypark yn Nederlân is op 't heden Safaripark Beekse Bergen, by Hilvarenbeek, yn Noard-Brabân, dat sûnt 1968 bestiet. Fan 1968 oant 1995 omfieme Burgers' Zoo yn Arnhim ek in safarypark.

In safarypark is grutter as in 'tradisjonele' dieretún, mar lytser as in wyldreservaat. It Kanadeeske African Lion Safari yn Hamilton (Ontario) beslacht 3,0 km², wylst in wyldreservaat lykas it Nasjonaal Park Tsavo East yn Kenia 11.747 km² mjit. In protte safaryparken wurkje mei oan ynternasjonale konservaasjeprogramma's foar bedrige bistesoarten, lykas oaljefanten, noashoarnen, sjiraffen, liuwen, tigers, jachtloaihoarsen en hyenahûnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.