Autoploïde
Foarming fan eupolyploïden | ||||
---|---|---|---|---|
Foarâldersoart diploïde genoom: ZZ |
||||
↙ | ↘ | |||
soartfoarming of spesiaasje (evolúsje) | ||||
↙ | ↘ | |||
diploïde soart A genoom: AA |
diploïde soart B genoom: BB | |||
↙ | ↓ | ↘ | ↙ | ↓ |
autopoly- ploïdy |
bastar- dearring |
autopoly- ploïdy | ||
↓ | ↓ | ↓ | ↓ | |
autotetraploïde AAAA |
hybride AB |
autotetraploïde BBBB | ||
↘ | ↓ | ↓ | ↓ | |
bastardearring | hybridogene polyploïdy |
|||
↓ | ↓ | ↓ | ||
triploïde AAA |
allotetraploïde AABB |
|||
↓ | ↓ | ↓ | ||
diploïdisaasje | diploïdisaasje | diploïdisaasje | ||
↓ | ↓ | ↓ | ||
diploïde soart AA |
diploïde soart AB |
diploïde BB | ||
skema fan boppe nei ûnderen lêze |
Yn de plantkunde wurdt de term autoploïde brûkt foar in mutearre genoom wêrby’t alle gromosomen fan itselde komôf binne, fan deselde plantesoart. Dat yn tsjinstelling ta alloploïden, wêrby’t net alle gromosomen fan itselde komôf binne, dus in part fan de gromosomen fan de iene plantesoart en in part fan in oare. Auto(poly)ploïden binne genoommutaasjes.
Ynlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In autoploïde tetraploïde plant wurdt in autotetraploïde neamd. Der binne ek autotriploïde, autoheksaploïde en auto-oktoploïde planten: de ierdappel is in autotetraploïde en hat 2n=48 gromosomen en ek Kofjeplant (Coffea arabica) is autotetraploïde.
Tylt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de plantetylt hat bliken dien dat autopolyploïden wat minder groeie en minder fruchtber binne. De pôlebuis groeit ek stadiger as by diploïden (sertaasje).[1]
Autopolyploïden kinne spontaan of keunstmjittich ûntstean mei help fan kolgisine ynduksearre wurde. Yn de lânbou ha polyploïden foardielen om’t de te rispjen organen grutter útgroeie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|