Springe nei ynhâld

Tûtajev

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 jun 2022 om 20.19 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Ekonomy: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tûtajev
Opstanningskatedraal (1652)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
Sifers
Ynwennertal 405.053 (2019)
Oerflak 25,5 km²
Befolkingstichtens 1.585,92 / km²
Stêdekloft 40.441 2017
Hichte 130 m
Oar
Stifting 1370 Stêd sûnt 1822
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side fan de stêd

Tûtajev (Russysk: Тутаев) is in stêd oan de Wolga yn it oblast Jaroslavl, Ruslân. De stêd leit tussen Jaroslavl en Rybinsk. Tûtajev is ien fan de stêden fan de Gouden Ring fan Ruslân.

Houten arsjitektuer yn Tûtajev

Yn 1822 liede in feroardening fan de tsaar ta de fúzje fan de plakken Romanov (oan de lofter kant fan de Wolga) en Borisoglebsk (op de rjochter kant); de gearfoege stêd hiet tenei Romanov-Borissoglebsk (Романов-Борисоглебск). Romanov bestie al sûnt de 14e iuw en Borisoglebsk sûnt de 15e iuw. Ta eare fan de soldaat fan it Reade leger, Ilja Pavlovitsj Tûtajev (1899-1918), waard de stêd yn 1918 omdoopt ta Tûtajev.

De measte ynwenners wenje oan de rjochter kant fan de rivier, yn it âlde Romanov. De buerten oan de kant fan de rivier hawwe noch in soad houten hûzen. Ek de histoaryske gebouwen binne dêr te finen (lykas de kollegiale Opstanningstsjerke). Wat fierder fan de rivier ôf dominearje de grutte appartemintegebouwen út de tiid fan de Sovjet-Uny. De twa stedsdielen wurde net troch in brêge mei ïnoar ferbûn. Om mei de auto op de oare kant te kommen moatte se gebrûk meitsje fan in oerset, oars moat der earst nei Jaroslavl of Rybinsk riden wurde. As der in soad drokte is, farre lytse motorboaten de rivier oer om minsken oer te setten.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Tûtajev fan 1856 oant 2017
Jier 1856 1897 1913 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2017
Befolking 5.100 6.682 7 600 11.814 18.506 17.210 16.839 23.473 39.822 42.644 41.001 40.441

Tûtajev is opnommen yn de Gouden Ring fan Ruslân. Tûtajev hat noch in reedlik tal tsjerken, dy't it besjen wurdich binne:

  • Katedraal fan de Ferhearliking fan it Hillich Krús (1658)
  • Tsjerke fan it Kazan-ikoan fan de Mem Gods (1758)
  • Aartsingel Michaeltsjerke (1746-1751)
  • Foarbeatsjerke (1674)
  • Tichontsjerke (1911-1914)
  • Ferkundigingstsjerke (1660)
  • Himelfearttsjerke (1795)
  • Opstanningskatedraal (1652)
  • Trije-ienheidstsjerke (1783)
  • Benjamintsjerke (resinte bou; wijd oan biskop Benjamin fan Tûtajev)

De Motoarenfabryk Tûtajev (ОАО Тутаевский моторный завод) is ien fan de grutste fabriken fan dieselmotoaren foar frachtweinen en trekkers yn Ruslân. By de fabryk wurkje tûzenen minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Toutaïev