Springe nei ynhâld

One Vision (liet fan Queen)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jun 2022 om 09.54 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (One Vision)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
One Vision
algemiene ynformaasje
B-kant Blurred Vision
artyst Queen
album A Kind of Magic
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 4 novimber 1985
opnommen Musicland Studios
septimber 1985
doer 5:11 album
4:02 single
label EMI
skriuwer Freddie Mercury,
Brian May,
Roger Taylor,
John Deacon
produsint Queen en Reinhold Mack
fideoclip
Queen - One Vision (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 21 ,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 21
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 28

One Vision is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn septimber 1985 yn de Musicland Studios yn Dútslân en útbrocht op it album A Kind of Magic fan Queen út 1986. One Vision wie it earste nûmer op it album en waard op 4 novimber 1985 útbrocht as earste single fan it album.

One Visio waard skreaun troch alle bandleden meinoar, al had Roger Taylor de grutste part fan de tekst en Brian May de grutste part fan de muzyk skreaun. De lêste wurden fan it nûmer is "Fried chicken", ek al soe it nei ferwachting "One vision" wêze moatte. Dit is in grapke dat Freddie Mercury yn de studio úthelle doe't se it nûmer oan it opnimmen wiene. Dy jûns ieten se nammentlik frituerde hin. By it opnimmen fan it nûmer wie de tekst noch lang net kompleet en begûn Freddie mar gerjochten te sjongen.

De fideoclip foar One Vision, dy 't yn septimber 1985 opnommen waard, toand benammen de band dy't it nûmer oan it opnimmen is yn de Musicland Studios yn München en wie de earste fideoclip fan Queen dy't regissearre en produsearre waard troch de Eastenrykske regisseurs Rudi Dolezal en Hannes Rossacher.

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas & Toetsen
  • Roger Taylor – Drums