Rowwen Hèze
Rowwen Hèze | ||
band | ||
Rowwen Hèze yn 2007 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Limburchsk | |
sjenre | Folk | |
bestean | 1985 – No | |
label(s) | HKM, V2 Records, RHAM, Modestus | |
prizen | Sulveren Harpe (1992) | |
âld-leden | Jan Philipsen bas Geert Hermkens akkordeon Mart Deckers drums | |
leden | ||
Sang, Gitaar &, Mûlharp |
Jack Poels | |
Gitaar, Mandoline & Tin-whistle |
Theo Joosten | |
Akkordeon, Toetsen & Tromboane |
Tren van Enckevort | |
Bas | Wladimir Geels | |
Trompet & Bugel |
Jack Haegens | |
Drums | Martîn Rongen |
Rowwen Hèze is in Nederlânske Folkband oprjochte yn 1985 yn America, Limburch. De band brocht yn 1987 syn debútalbum Rowwen Hèze út. De teksten fan de band gean benammen oer deistige libben, dronkenskip, de fanfare, de natoer en de Peel. Rowwen Hèze hat achttjin studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De band waard yn 1985 oprjochte troch gitarist Theo Joosten, bassist Jan Philipsen en drummer Mart Deckers, earder fan The Legendary Texas Four. By de syktocht nei in sjonger bliek Jack Poels earder fan Bad Edge in geskikte kandidaat. Poels stelde wol as betingst dat er ien ferske yn it Limburchsk sjonge mocht.
Yn de earste jierren fan harren bestean spile Rowwen Hèze noch benammen Ingelsktalige covers fan ûnder oaren Thin Lizzy. In jierliks weromkommend fenomeen foar Rowwen Hèze en in soad oare Limburchsk bands wie om om de karnaval hinne in karnavalsnûmer te skriuwen. Yn 1987 skreau Rowwen Hèze it nûmer Niks stront niks, dat de lanlike media helle yn ferbân mei de nochal kontroversjele tekst. Dit nûmer yn kombinaasje mei de lanlike opskuor deromhinne betsjutte de earste lanlike bekendheid foar Rowwen Hèze. Yn desimber fan datselde jier ferskynde harren earste eigen album, Rowwen Hèze. Fan doe ôf lei de band him foar in grut part ta op teksten yn it Limburchsk, yn stee fan it Ingelsktalige (cover)repertoire.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Rowwen Hèze | 6 desimber 1987 | útbrocht yn eigen behear | Niks stront niks |
Blieve loepe | 10 febrewaris 1990 | HKM | 'n Man en 'n vrouw, Limburg |
Boem | 18 july 1991 | Henk is enne lollige vent, Bestel Mar, Twieje wurd, Kroenenberg | |
Station America | 22 april 1993 | Rowwen Hèze, Ay yay yay | |
Zondag in 't zuiden | 26 maart 1995 | 't Roeie klied, Zondag in 't zuiden, De neus umhoeg | |
Water, lucht en liefde | 6 april 1997 | En dan is 't mar dom, Klompendans, Lucht, Heilige Anthonius | |
Vandaag | maart 2000 | November, Vergeate , Kleine man | |
Dageraad | 7 april 2003 | V2 Records | Vur de kerk op 't plein, Dichtbeej, Eiland in de reagen |
Rodus & Lucius | 7 septimber 2006 | RHAM | Vechte, valle en opstoan, Kilomeaters, Droemvlucht (ft. Nynke Laverman) |
Zilver | 24 septimber 2010 | ||
Geal | 17 augustus 2012 | HKM | |
Hemel op Aarde: De Liedjes | 1 novimber 2013 | RHAM | |
Vur altied: Ballades & beer | 19 febrewaris 2016 | ||
De liefde, de muziek, de herinnering | 2017 | ||
Voorwaartsch | 26 april 2019 | Modestus | |
Onderaan beginne | 2021 |
Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
In de wei | Septimber 1992 | HKM |
D.A.D.P.G.S. | 10 novimber 2003 | V2 Records |
Andere wind | Desimber 2004 | HKM |
Saus | 11 oktober 2008 | RHAM |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
't Beste van 2 werelden | 19 maaie 1999 |
't Beste van 20 joar - Kilomeaters | 2005 |
Manne van staal | Juli 2011 |