Sylster Ryd
Appearance
De Sylster Ryd is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart ferbynt Kollum mei it noardliker lizzende Dokkumer Djip.
De Dwersryd komt benoarden Kollum út op de Sylster Ryd.
In ried of red, tith en tsjintwurdich rie(t), riet, rij(t) is in namme dy't fanâlds in protte foarkomt. It betsjut faak in lytser streamke, op in grutter wetter útrinnend.
De namme Sylster Ryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zijlsterrijd.