Tiesingaboskje
Appearance
It Tiesingaboskje is in lyts natuergebiet tusken Easterwâlde, De Fochtel en De Haule. It is yn behear fan Steatsboskbehear. It gebiet wurdt trochsnien troch de N919. It leit diels yn it buorskip Weper en diels yn buorskip De Knolle. It terrein bestiet benammen út bosk en heide. Der leit ek in marke.
Der stiet in monumint foarde hear Taeke Schuilenga út Surhústerfean, in fersetsman dy’t dêr op 4 novimber 1943, yn de Twadde Wrâldoarloch, deasketten waard as ferjilding foar de moard troch it ferset op de soan fan Pier Nobach.