Vonne van der Meer
Vonne van der Meer | ||
skriuwer | ||
Vonne van der Meer yn 1986 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 desimber 1952 | |
berteplak | Eindhoven | |
wurk | ||
prizen | sjoch tekst | |
jierren aktyf | 1976? - no | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Vonne van der Meer (Eindhoven, 15 desimber 1952) is in Nederlânske skriuwster fan toanielstikken en romans.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan der Mear wie de jongste bern yn in húshâlding fan trije. Nei har eineksamen gie se in jier nei de Feriene Steaten, dêr't har leafde foar it toaniel fersterke waard troch de aktearlessen dy't se folge.
Van der Meer folge de rezjyoplieding oan de Amsterdamske Teäterskoalle. Yn 1976 waard har monolooch De Behandeling troch Toanielgroep Centrum útfierd. Yn 1978 waard Van der Meer rezjyassistint fan Franz Marijnen by it RO Theater dêr't se sels ek stikken regissearjen soe, ûnder oaren fan Goethe, Osborne, Frisch en in bewurking fan Plato's Sympoasium. Dêrnei regissearre hja krapoan tsien jier by ûnderskate selskippen lykas Baal, Centrum, De Haachske Komeedzje en it RO Theater. By dat lêste selskip gie yn 1996 ek har toanielstik Weiger nooit een dans yn premjêre.
Yn 1985 ferskynde har earste ferhalebondel, Het limonadegevoel en andere verhalen, wêrnei't se hast alle twa jierren in boek útbrocht. De roman Eilandgasten, besteande út seis ferhalen, mei as ferbinend elemint in fakânsjehûske op Flylân, wurdt as har trochbrek beskôge. It waard it earste diel fan in súksesfolle trilogy mei dat basisgegeven; letter folgen De avondboot en Laatste seizoen. De earste twa dielen waarden ferfilme troch Karim Traïdia.
Sûnt (yn alle gefallen) septimber 2017 is Van der Meer foarsitter fan PEN Nederland, ûnderdiel fan PEN International, in skriuwersorganisaasje dy 't him ynset foar de frijheid fan mieningsutering.
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vonne van der Meer bekearde har yn 1994 ta it katolike leauwe. Har man, skriuwer Willem Jan Otten, bekearde him in skoft letter ek.
Van der Meer wie fan novimber 2016 in pear jier lid fan it Komitee fan oanrekommandaasje fan VBOK, in feriening dy't Siriz stipet, in stichting dy't help, foarljochting en opfang biedt by net-winske swierwêzen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985 - Het limonadegevoel en andere verhalen (ferhalen)
- 1987 - Een warme rug (roman)
- 1989 - De reis naar het kind (roman)
- 1991 - Zo is hij (roman)
- 1993 - Nachtgoed (ferhalen)
- 1995 - Spookliefde (novelle)
- 1996 - Weiger nooit een dans (toaniel)
- 1997 - De verhalen
- 1999 - Eilandgasten (roman, ferfilme as Eilandgasten (2006))
- 2001 - De avondboot (roman, ferfilme as De Avondboot (2007))
- 2002 - Laatste seizoen (roman)
- 2004 - Ik verbind u door (roman)
- 2006 - Niemand op heel Vlieland (novelle, yn de rige Literaire Juweeltjes)
- 2007 - Take 7 (roman)
- 2009 - Zondagavond (roman)
- 2009 - December (ferhalen)
- 2011 - De vrouw met de sleutel (roman)
- 2013 - Het smalle pad van de liefde (roman)
- 2015 - Winter in Gloster Huis (roman)
- 2017 - Brood, zout, wijn (ferhalen)
- 2019 - Vindeling (roman)
- 2019 - Zonder Jozef (ferhalen yn de rige Literaire Juweeltjes)
- 2020 - Naar Lillehammer (roman)
- 2022 - Gesprekken op maandag. Over de sacramenten (mei Nico de Gooijer)
Literêre en oare prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Geertjan Lubberhuizenpriis 1985 foar Het limonadegevoel en andere verhalen
- ANV-Visser Neerlandia-priis 1986 foar Besloten kring
- Spaanpriis 2000 foar ûnder mear Eilandgasten en Avondboot
- CLO 15, in kanon fan kristlike literatuer, mei Eilandgasten
- CLO jurypriis 2016 foar Winter in Gloster Huis.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|