Springe nei ynhâld

Geertjan Lubberhuizenpriis

Ut Wikipedy

De Geertjan Lubberhuizenpriis, letter Marten Toonder/Geertjan Lubberhuizenpriis neamd, wie in Nederlânske literêre priis dy't sûnt 1984 útrikt waard foar it bêste proazadebút.

De priis waard 1984 yn it libben roppen troch Geertjan Lubberhuizen en Marten Toonder dy't in jildbedrach ta foldwaan joegen foar it priisjild dat alle jierren útkeard wurde koe. Nei Toonder syn fertsjerren koene syn erfgenamten it net iens wurde mei de Marten Toonder Stichting oer de hichte fan it priisjild. Oare prosedueres waarden ek fersmiten. It like derop dat dat de ein fan de priis betsjutte. Yn 2006 die bliken dat in keatling fan meielkoar oparbeizjende boekhannels yn 'e mande mei in bank garant stean woene foar it fuortsetten fan de priis. Sûnt hjit hy Selexyz Debuutpriis.

De priis waard ferneamd nei Geertjan Lubberhuizen, in Nederlânsk útjouwer en oprjochter fan De Bezige Bij.