Springe nei ynhâld

Van Wieren

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 mai 2022 om 09.28 troch Drewes (oerlis | bydragen) (by de tiid brocht, sis mar)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Van Wieren
band
Van Wieren (2009)
Van Wieren (2009)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre rock
bestean 2005 – no?
prizen Liet 2005
leden
Robbie van Wieren
Harrie van Wieren
Jan-Sybren Kingma
Edwin Smith
Minne Jan Aartsma

Van Wieren is in Fryske band út Marsum dy't yn 2005 oprjochte is troch de leden fan de rockband Thin Air. De band bestiet yn 2009 út Robbie van Wieren (sang), Harry van Wieren (gitaar), Jan-Sybren Kingma (gitaar), Edwin Smith (basgitaar] en Minne Jan Aartsma (drum). Se spilen as Thin Air meast Ingelske muzyk, mar no Nederlânsk en Frysk.

Yn oktober 2005 wûn Van Wieren de 15e edysje fan it Fryske sjongfestival "Liet" mei it nûmer Nim dyn tiid mei tekst fan Robbie van Wieren. Dat optreden en it omtinken op telefyzje makke de band by it grutte publyk bekend. De single waard produsearre troch Nico Outhuijse en Syb van der Ploeg en kaam yn novimber fan dat jier út.

Op 14 oktober 2006 fertsjintwurdige de band Fryslân op it Ynternasjonale sjongfestival foar minderheidstalen yn it Sweedske Östersund. De groep wûn krekt net de publykspriis, mar der waard wol in dokumintêre makke oer dy reis dy't op Nederland 1 útstjoerd waard.

Yn 2007 ferskynde it nûmer Kâld Fjoer, mei in fideoklip. De plaat stie wikenlang boppe-oan yn de Fryske plateferkeap.

Yn 2008 waard it nûmer Dûnsje fan Van Wieren it Kampanjeliet fan de Praat-Mar-Frysk-Kampanje mei topmodel Doutzen Kroes as ambassadrise. De oersetting fan de hit One fan U2 waard as duet opnomd mei Yvonne Bleize, de Ljouwerter wethâlder fan Kultuer.

Op 27 desimber 2008 wint de band it Dialektpop Festival Nederlân yn Heinkenszand. Van Wieren waard dêr troch publyk en faksjuery keazen as bêste dialektband fan Nederlân.

Robbie van Wieren sette yn 2009 it nûmer Het is Nacht fan Guus Meeuwis oer yn it Frysk. Dy ferzje waard yn juny troch Meeuwis sjongen yn it Abe Lenstra stadion en waard troch RTL Boulevard as item útstjoerd. Ek spile Van Wieren dat jier mei by Freeze.

Yn 2015 naam Van Wieren it liet Marsum Ahoy op mei de Âldjiersploegh Marsum. It nûmer einige op it tredde plak yn de Fryske Top 100 fan 2015

  • Nim dyn tiid (SyCo Productions, 2006)
  • Sjoch net Werom (2010)
  • Fryske Music Night 2007, It gie wer oan (2007)
  • Cohen in het Fries" (Foreign Media Music, 2008)
  • Fryske Music Night 2007, It gie wer oan (2007)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]