Springe nei ynhâld

Boartersguod

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 apr 2022 om 23.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (fansels)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Boartersguodauto's.

Boartersguod is spul dat bedoeld is om mei te boartsjen. It wurdt yn haadsaak brûkt troch bern, mar kin ûnder beskate omstannichheden ek op 'e merk brocht wurde foar folwoeksenen. Boartsjen mei boartersguod kin in oangename wize wêze om bern ta te rieden op harren lettere bestean as folwoeksene. Soarten boartersguod dy't in protte foarkomme, binne poppen, lykas de teddybear, de Barbiepop en action figures fan superhelden en oare ferneamde personaazjes út wurken fan fiksje, en fierders boerdspullen en skaalmodellen fan dingen dy't folwoeksenen brûke, lykas boartersguodauto's en modeltreinen.

Boartersguod kin makke wurde fan alderhanne materialen, lykas hout, klaai, papier en plestik. De pop is nei alle gedachten ien fan 'e âldste soarten boartersguod, mei't poppen opdobbe binne by argeologyske opgravings fan plakken út 'e Aldheid. De âldste weromfûne pop is nei skatting 4.000 jier âld. In oar type boartersguod dat by argeologyske opgravings gauris foar 't ljocht komt, is de rinkelbel. Fierders bestiet boartersguod as de bal, de hoep, it toudûnserstou en de top ek al iuwen. Nijere foarmen fan boartersguod binne bygelyks fideospultsjes en smart toys.

In trio teddybearen.

Net allinne dingen dy't makke binne as boartersguod kinne as sadanich tsjinje; in soad dingen dy't foar hiele oare doelen ornearre binne, kinne brûkt wurde as boartersguod, of dêrta oanpast wurde. In fel skriuwpapier kin bygelyks in papierren fleantúchje fan teard wurde, dat in bern fleane litte kin. Guon foarmen fan boartersguod wurde net yn it foarste plak produsearre om bern mei boartsje te litten, mar as collector's items foar folwoeksenen. Sokke dingen binne poer bedoeld foar útstalling en moatte net út 'e ferpakking helle wurde, om't dat de wearde gâns belúnje lit.

Guon merknammen fan boartersguod, lykas Lego, Playmobil, Mattel en Hasbro, binne tsjintwurdich wrâldferneamd. Sokke bedriuwen kinne grutte ynfloed op 'e boartersguodmerk útoefenje. Se ferkeapje harren produkten lykwols net streekrjocht oan 'e konsumint, mar litte dat oer oan 'e detailhannel, fia boartersguodwinkelkeatlings as Toys "R" Us en Bart Smit. Ek oarsoartige winkels, dy't har net spesifyk talizze op it ferkeapjen fan boartersguod, hawwe faak in beskate mjitte oan boartersguod yn it assortimint. In foarbyld fan sa'n soarte saak is Blokker. De bêste tiid fan it jier foar de ferkeap fan boartersguod is desimber, mei't yn dy moanne de bernefeesten fan Sinteklaas en Kryst falle, wannear't it wizânsje is om kado's te jaan, yn 't bysûnder oan bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.