NHL Stenden Hogeschool
NHL-Stenden Hogeschool | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | NHL Stenden University of Applied Sciences | |
Lokaasje | ||
Lân | Nederlân | |
Plak | Ljouwert | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1 jannewaris 2018 | |
Tal studinten | 24000 | |
Tal meiwurkers | 2000 | |
Offisjele webside | ||
www.nhlstenden.com |
NHL Stenden Hogeschool is in ynstelling foar heger ûnderwiis mei kampussen yn Nederlân en yn it bûtenlân. NHL Stenden Hogeschool waard yn 2018 foarme troch de fúzje fan de NHL Hogeschool en Stenden University. De hegeskoalle brûkt as ûnderwiiskonsept Design Based Education. De hegeskoalle hat 24.000 studinten en 2.000 meiwurkers.
Skiednis
NHL Stenden Hogeschool is ûntstien as gefolch fan in fúzje tusken NHL Hogeschool en Stenden University op 1 jannewaris 2018. Fan septimber 2018 ôf begûnen de earste learlingen mei harren stúdzje oan de opliedings fan de hegeskoalle.[1]
De hegeskoalle hat as missy 'Wurkje oan wrâldwide ynnovaasje'. Dêrby wurdt útgien fan ûnderwiis en ûndersyk as dragers fan persoanlike ûntwikkeling en maatskiplike foarútgong.
Ûnderwiis
NHL Stenden biedt ûnderwiis neffens it ûnderwiiskoncept Design Based Education. Dat edukative konsept is basearre op ûntwerpend tinken. It ûnderwiis giet út fan kokreaasje as foarm fan gearwurking. Dat wurdt dien mei it profesjonele fjild en de maatskiplike omjouwing. Studinten, learkrêften en ûndersikers wurkje yn multydissiplinêre ploegen oan it oplossen fan opdrachten út it wurkfjild.
De ûnderwiislokaasjes yn Nederlân binne yn Assen, Emmen, Grins, Ljouwert, Meppel, West-Skylge en Swol. Se binne yn it bûtenlân yn Yndoneezje (Baly), Katar (Doha), Tailân (Bangkok) en Súd-Afrika (Port Alfred).
De eardere kampus yn Doha, Katar, is oprjochte yn gearwurking mei Al Faisel Holding fan de miljardêr Faisal Bin Qassim Al Thani dy't famylje is fan it Katareeske keningshûs en hie yn 2019 280 studinten. Fan oktober 2018 ôf die de Underwiisynspeksje ûndersyk nei misstannen op de kampus. Sûnt 2015 hat de fêstiging te krijen mei korrupt personiel, in breklike administraasje en tentamen-en eksamenfraude wêrtroch't studinten ûnrjochtlik harren diploma krigen. Yn 2017 hat it hegeskoallebestjoer, ûnder lieding fan foarsitter Leendert Klaassen, in brânbrief fan trije eksamenkommisjes oer de misstannen neist him dellein. Dêryn waard melding makke fan eksaminatoaren dy't gefoelich binne foar "druk van studenten, ouders, sponsors, management, en zelfs de Qatarese overheid". As reaksje op it ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje jout de hegeskoalle gjin diploma's mear yn Katar en is de joint venture mei de fêstiging yn Katar beëinige. Yn novimber 2020 makke de Underwiisynspeksje it rapport oer it ûnderwiis yn Katar iepenbier. De konklúzje fan it ophelpûndersyk sei dat de ûnderwiisynstelling foldocht oan de easken yn de wet - en regeljouwing oangeande it ûnderwiis yn it bûtenlân, de talitting fan studinten út Katar en de rol fan de eksamenkommisjes.
Bestjoer en organisaasje
NHL Stenden Hogeschool hat in Ried fan Tafersjoch. Dy ried hâldt tafersjoch op en advisearret, beneamt en stelt it Kolleezje fan Bestjoer fêst. It Kolleezje fan Bestjoer is it bestjoer fan de hegeskoalle. Leden dêrfan binne yn 2018 Erica Schaper (foarsitter), Klaas-Wybo van der Hoek (fise-foarsitter) en Jan van Iersel (earder lid fan de ried fan NHL) [2]
Akademys
NHL Stenden Hogeschool biedt bacheloropliedings, masteropliedings, twajierrige 'associate degrees', kursussen en leargongen oan fjirtjin akademys:
- Akademy Primêr Underwiis
- Akademy Vo & Mbo
- Akademy Technology & Innovation
- Akademy Commerce & International Business
- Akademy Sûnenssoarch
- Akademy Social Studies
- Akademy Leisure & Tourism
- Akademy Communication & Creative Business
- Akademy ICT & Creative Technologies
- Akademy Economics & Logistics
- Akademy International Business Administration
- Maritiem Instituut Willem Barentsz
- Thorbecke Academie
- Stenden Hotel Management School
Maritiem Instituut Willem Barentsz, Thorbecke Academy en Stenden Hotel Management School binne ûndermerken fan de hegeskoalle en se kommunisearje ûnder eigen namme, mei in eigen logo en hûsstyl.
De akademys jouwe meiïnoar mear as 150 kursussen, ferparte oer tsien mêden:
- Bestjoer en rjocht
- Kommunikaasje en media
- Ekonomy en behear
- Hotel management
- ICT
- Maritym
- Ûnderwiis
- Technyk
- Toerisme en frije tiid
- Soarch en wolwêzen
Trivia
- Nije stoffen binne ûntwikkele troch de ûndersyksgroep 'Duorsume Keunststoffen', dy't as inket brûkt wurde kinne foar 3D-printers. Dêr gie it earste wittenskiplike artikel fan de NHL Stenden University oer en dat waard yn 2018 publisearre troch The American Chemical Society.
- Sûnt maart 2018 hat NHL Stenden in gebedskeamer foar moslims, hindoes, boeddhisten en kristenen yn it eardere oaljefabryk 'De Eendragt'. De finansiering komt fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (60%), de Protestantske Gemeenten fan Ljouwert, Huzum en Goutum, de Doopsgesinde (Meniste) en de Frije Evangelyske Gemeente en fan de skoalle sels. [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|